Joris Ivens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wurkleas
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 2:
[[Ofbyld:Geboortehuis Joris Ivens, Van Berchenstraat 17-19.JPG|thumb|''Bertehûs Ivens, Van Berchenstrjitte 17-19 Nimwegen]]
[[Ofbyld:Joris Ivens.png|thumb|''Joris Ivens op de set fan ''De Onvergetelijken'' yn 1971'']]
'''Joris Ivens''' ([[Nymwegen]], [[18 novimber]] [[1898]] – [[Parys]], [[28 juny]] [[1989]]) wie in Nederlânske [[filmregisseur]] en filmmakker, benammen rjochte op [[dokumintêresdokumintêre]]s. Hy wie lange tiid omstriden om syn film ta ûndersteuning fan de ûnôfhinklikheidsbeweging yn [[Yndoneezje]].
 
Ivens waard bekend mei avant-garde dokumintêres as ''De brug'' (1928) (oer [[De Hef]] yn [[Rotterdam]]), ''[[Regen (film)|Regen]]'' (1929) en ''Zuiderzee'' (1930), wêryn hy eksperimintearre mei bewegingen en ritmes. Hy hearde ta de foaroanmannen fan de ynternasjonale filmavant-garde fan dy jierren. Letter rekke hy geande wei mear ynteressearre yn sosjale kwestjes en waard hy oertsjûge [[kommunisme|kommunist]]. Hy makke ûnder mear films oer in mynwurkersstaking yn Belgje (''Borinage'', 1934), oer de [[Spaanske Boargerkriich]] (''Spaanse aarde'', 1937) en oer de striid dy't Sina fierde tsjin Japanske besetting (''De vierhonderd miljoen'', 1939). Yn de Twadde Wrâldoarloch makke hy ferskate films yn de Feriene Steaten, wêrûnder ''Power and the Land'' (1941) foar it Amerikaanske ministearje fan Lânbou en ''Action Stations!'' (1943) foar de Kanadeeske marine.