Ole Bull: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan de: en nl:
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 1:
[[Ofbyld:Ole Bull - Project Gutenberg eText 13955.jpg|thumb|right|Ole Bull]]
'''Ole Bull''' ([[Bergen (Noarwegen)|Bergen]], [[5 febrewaris]] [[1810]] – [[Lysøen]], [[17 augustus]] [[1880]]) wie in [[Noarwegen|NoorskNoarsk]] komponist.
 
== Biografy ==
Doe't Bull noch mar njoggen jier wie, spile er al fioelsolo's by de orkestferiening fan Bergen, ''Harmonien''. Syn leararen wienen Niels Eriksen en Johan Henrich Poulsen, letter kaam [[Carl Mathias Lundholm]] dêr noch by. Bull wie lykwols meast [[autodidakt]], mar hat hinhim wol ûntjaan kinnen ta in firtuoas fioelist. Yn 1829 krige er kunde oan [[Louis Spohr]] yn [[Kassel]] en yn 1832 joech er syn earste konsert yn [[Parys]]. Hy troude in Française en krige kontakt mei de komponisten [[Frédéric Chopin]] en [[Heinrich Wilhelm Ernst]]. Hy wie tige populêr yn Itaalje en Ingelân. Yn de jierren 1836/37 joech er 274 konserten yn [[Ierlân]] en Ingelân.
 
Yn 1843 ferfarreferfarde er nei de Feriene Steaten, mar rjochte yn 1850 noch wol it Noarske Teater yn Bergen op.
 
Yn [[1852]] stifte er in koloanje yn [[Pennsylvania]] yn de [[Feriene Steaten]] op 3000 hektare lân ûnder de namme ''Oleana'' of ''New Norway''. Hy hope dat er dêr it libben foar de Noaren makliker te meitsjen. Sy soene dêr yn harmony libje kinne en de Noarske tradysjes soene yn it nije fermidden oerlibje kinne, wie de bvedoelingbedoeling. Mar it projekt wie fan it begjin ôf ta mislearjen keard - it bergich gebiet wie net gaadlik foar lânbou en winters sieten hja dêr isolearre, mar ek wie Bull net saaklik genôch. Binnen twa jier wienen de measte kolonisten útwykt nei oare kontreien. It gebiet wurdt no ''Ole Bull State Park'' neamd.
 
Desillusjonearre gie er werom nei de muzyk en syn namme krige rillegau wer klank. Simmer [[1864]] wie hy de mentor fan de jonge [[Edvard Grieg]], in neef fan him. Yn 1870 troude er nochris; doe mei in Amerikaanske.
 
Neist fioelist wie Bull ek komponist fan in tal lytsere wurken dy't neffens guonts in frijwat sentiminteel karakter hawwe. Hy skreau benammen foar de [[fioele]], dêr't twa fioelkonsertenfioelekonserten by binne.
 
Hy stoar 1880 op it eilân Lysøen, by Bergen, Noarwegen oan kanker. Troch syn sosjale ynstelling jildt Bull wol as ien fan de grutte nasjonale en kosmopolityske persoanlikheden fan Noarwegen.