Moarre: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
koo
L [[]], al wer neat te rêden
Rigel 27:
 
== It doarpsbestjoer ==
Moarre hie 19 stimmen. Regel wie dat dy stimhawwers de tsjerkfâden keazen. Dy tsjerkfâden foarmen dan ek it deistich doarpsbestjoer. Yn Moarre lei dat oars; troch in âld foarrjocht fan de eigners fan de states Hooghuistra, Botma, [[Heemstrastate (Moarre)|Heemstra]] en [[Nittemastate|Nittema]] wienen dy om bar tsjerkfâd. Aldhuistra wie in state efkes noard-westlik fan it doarp.
 
Ta de himrik fan Moarre hearde ek [[Fridhuistrastate]] ûnder [[Mitselwier]].
Rigel 33:
== De tsjerke ==
[[Ofbyld:Moarre tsjerke.JPG|right|thumb|''tsjerke fan Moarre'']]
De tsjerke dy't wijd wie oan de Hillige Jehannes de Evengelist, is ûntstien yn twadde helte fan de [[13e ieu]]. Yn de [[18e ieu]] hawwe fernijingen oan de tsjerke west, bygelyks it tonferwulft yn [[1737]]. Yn [[1843]] hat der in grutte ferbouwing plak fûn. Doe is de, mooglik '[[16e ieuskeieu]]ske, toer ôfbrutsen en de neo-klassike lantearne ta stân kommen en yn 1920/21 krige it gebou in nije flier, kap en ferwulft. De klok (diameter 85cm) is fan [[1659]] en getten troch [[Jurjen Balthasar|Iurien Balthasar]] út [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
 
Yn de tsjerke binne noch sarken út de [[16e ieu|16e]] oant [[18e ieu]]. Ut [[1625]] is it lytse [[epitaaf]] foar Wopke fan Scheltema en Frouck Roorda fan [[Ginnum]], bewenners fan Heemstrastate.
Rigel 41:
 
== It kleaster ==
Oan de noardkant fan de tsjintwurdige Kleasterwei lei it kleaster Weerd of ''Templum Domnini'' ('' de Tempel fan God). Folle is der oer dit nobertinessenkleaster net bekend. Guon ûndersykers binne fan betinken dat it kleaster al yn 1326 bestie, dat soe dan opmakke wurde kinne út de libbensbeskriuwingen fan guon abten fan [[Kleaster Mariëngaard]], mar earst yn [[1401]] is der sprake fan in 'kelner fan Weard'. It is net fan de abdij fan [[Dokkum]] út stifte, mar wie der wol ôfhinklik fan, want de abt fan Dokkum fersegele alle stikken foar Weerd.
 
Neffens de ''Staat van Aanbreng'' fan 1511, it register dêr't de grûnbelêsting út opmakke waard, hie it kleaster yn Moarre 834 pûnsmiet lân yn besit en docht bliken dat it in úthof efkes west fan [[Iezumasyl]] hie: Muontsehûs.
Rigel 47:
Yn [[1569]] hawwe de wettergeuzen it kleaster plondere en yn 'e brân stutsen. Dat wie de deastek foar it kleaster. Yn [[1580]] namen de Steaten it kleasterbesit oer. De lettere pleats dy't op it plak fan it kleaster kaam te stean, hie 187 pûnsmiet lân. Foar in pleats in protte, mar der is dus ek in protte lân yn oare hannen oergien.
 
Yn'e 18de ieu stie der neffens J.[[Jacob Stellingwerf]] noch in gebou mei [[Gotyk|goatyske]] merken, finsters tichtmitsele, op it terrein fan Weerd.
 
== Mienskip ==
Der is in feriening foar Doarpsbelangen dy't gearkomt yn doarpshûs De Stikel. Bern geane meast yn Ljussens nei basisskoalle 'De Griffel.
 
=== Befolking ===
Rigel 73:
 
{{boarnen|boarnefernijing=
*{{Aut|[[Kerst Huisman]]}}, [[Ljouwerter Krante]], 13 februaris 1996, artikel: 'Weard by Moarre: in kleasterhistoarje fol fragen'.
*{{Aut|[[Herma M. van den Berg]]}} Noordelijk Oostergo/De Dongeradelen, 1983. Haadstik Moarre.
}}