Chester A. Arthur: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Movses-bot (oerlis | bydragen)
L r2.6.2) (Bot - derby: jv:Chester A. Arthur
L WPCleaner (v1.09) Link equal to linktext (Fixed using Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia)
Rigel 3:
'''Chester Alan Arthur''' (Fairfield ([[Fermont]]), [[5 oktober]] [[1830]] – [[New York City]] ([[New York (steat)|New York]]), [[18 novimber]] [[1886]]) wie fan [[1881]] oant [[1885]] de 21e [[presidint fan de Feriene Steaten|Amerikaanske presidint]]. Hy wie lid fan de [[Republikeinske Partij (Feriene Steaten)|Republikeinske partij]].
 
Arthur waard berne as soan fan in út [[Ierlân]] emigrearre [[baptisme|baptiste]][[predikant]]. Yn 1848 studearre er ôf oan Union College yn [[Schenectady]]. Dêrnei wie er ûnder oaren warber yn it ûnderwiis. Yn de [[Amerikaanske Boargerkriich]] tsjinne er yn in logistike ienheid fan syn thússtêd [[New York City|New York]]. Hy berikte de rang fan kertiermaster-[[generaal]]. Fan [[1871]] oant [[1878]] wie er belestingûntfanger yn de haven fan New York. Yn 1881 waard er ficepresidint, neist presidint [[James Garfield|James Garfield]]. Garfield stoar op 19 [[septimber]] 1881 nei in moardoanslach, sadat Arthur ûnferwachte, sûnder ûnderfining op it mêd, presidint waard.
 
Yn Arthur syn presidintskip kamen wichtige maatskiplike herfoarmingen ta stân, sa as it útskriuwen fan iepen en earlike eksamens foar wichtige beneamingen. Hjirtroch krige Arthur as presidint in frijwat goede namme. By de Amerikaanske presidintsferkiezingen yn 1884 besocht er fergees om troch syn partij nominearre te wurden foar in twadde termyn, hoewol't er doe al wist dat er in deadlike [[lever]]sykte ûnder de lea hie. Arthur stoar yn 1886 thús yn New York, dêr't er ek te hôf kaam.