Moarre: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]], al wer neat te rêden
Rigel 41:
 
== It kleaster ==
Oan de noardkant fan de tsjintwurdige Kleasterwei lei it kleaster Weerd of ''Templum Domnini'' ('' de Tempel fan God''). Folle is der oer dit nobertinessenkleaster net bekend. Guon ûndersykers binne fan betinken dat it kleaster al yn 1326 bestie, dat soe dan opmakke wurde kinne út de libbensbeskriuwingen fan guon abten fan [[Kleaster Mariëngaard]], mar earst yn [[1401]] is der sprake fan in 'kelner fan Weard'. It is net fan de abdij fan [[Dokkum]] út stifte, mar wie der wol ôfhinklik fan, want de abt fan Dokkum fersegele alle stikken foar Weerd.
 
Neffens de ''Staat van Aanbreng'' fan 1511, it register dêr't de grûnbelêsting út opmakke waard, hie it kleaster yn Moarre 834 pûnsmiet lân yn besit en docht bliken dat it in úthof efkes west fan [[Iezumasyl]] hie: Muontsehûs.