Napoleon III fan Frankryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.6.4) (Bot - oars: lmo:Napoleon III de Francia
Movses-bot (oerlis | bydragen)
L r2.6.7) (Bot - oars: vi:Napoléon III; tekstwiziging
Rigel 4:
Karel Loadewyk Napoleon wie de tredde soan fan [[Loadewyk Napoleon]], kening fan Hollân, en [[Hortense de Beauharnais]]. Hy gie yn 1815 tegearre mei syn mem yn ballingskip. Hy stribbe nei de weroprjochting fan it Napoleonistyske ryk yn 'mear moderne geast'. Nei twa fergeefske besikings om troch [[steatsgreep|steatsgrepen]] in ein te meitsjen oan it boargerkeningskip (Straatsburch 1636, Boulogne 1840) waard hy ta finzenisstraf feroardele. By de presidintsferkiezings dy't nei de febrewarisrevolúsje fan 1848 holden waard, segefiere hy oer Cavaignac en waard op [[20 desimber]] [[1848]] presidint fan de Twadde Republyk. In op 2 desimber 1851 (jierdei fan de keizerskroaning fan Napoleon I) ûndernommen steatsgreep makke him ta allinnich hearsker.
 
Op 2 desimber 1852 lit er him ta keizer fan de Frânsen útroppen. As bûnsmaat fan de [[Feriene Keninkryk|Ingelân]] stipe hy de Ingelsen yn de [[Krimoarloch]] tsjin [[Ottomaanske Ryk|Ottomanen]]. Neidat troch de Italjaan [[Orsini]] in misleare oanslach op syn libben plige wie, stipe hy de troch [[Cavour]] late Italjaanske frijheidsbeweging en fierde yn [[1859]] kriich tsjin [[Eastenryk]] wêrby't troch him oerwinnings behele waarden by Magnenta en Solferino; yn 1860 liifde hy dêrfoar Savoye en Nizza by Frankryk yn. De [[Lúksemboargse kwestje]] brocht him in nederlaach. Binnenlânsk besiket hy, as gefolch fan tanimmende opposysje, yn 1870 syn diktatuer troch in parlemintêr ministery te ferfangen.
 
Yn de [[Frânsk-Dútske Oarloch]] (1870-1871) late syn legers nederlaach op nederlaach. By Sedan wurdt er sels op 2 septimber 1870 yn finzen en kriichsfinzene. Hy komt pas wer frij op 9 maart 1871 en ferlit Frankryk nei Chislehurst by London.
 
Napoleon III wie, yn [[1853]] trout mei de Spaanske grevinne Eugénie de Montijo.
 
[[Kategory:Frankryk]]
Rigel 82:
[[ur:نپولین سوم]]
[[vec:Napoleon III de Fransa]]
[[vi:Napoléon III của Pháp]]
[[zh:拿破仑三世]]
[[zh-min-nan:Napoléon 3-sè]]