Noard-Fryslân Bûtendyks: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red. seez mar
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
ôfbylden der by
Rigel 1:
[[Ofbyld:Noard Fryslân bûtendyks 63.jpg|thumb|400px|''Noard-Fryslân bûtendyks'']]
 
'''Noard-Fryslân Bûtendyks''' is in gebiet fan simmerpolders mei drink[[dobbe]]n, [[kwelder]]s en kwelderwurken. It behear fan [[It Fryske Gea]] is der op rjochte om de bûtendykse simmerpolders te feroarjen yn kwelders fan sa'n 4.000 hektare: de Bildtpollen, it Noarderleech, [[de Keegen]] en Ferwert- en [[Blije Bûtendyks]]. It is de bedoeling dat der ien grut kwelderlânskip ûntstiet, dat fan [[Swarte Harne]] yn [[It Bilt]] rint oant de pier fan [[Holwert]] ta.
 
De hege seedyk is de grins tusken natuer en kultuer. Yndyksk leit it yn kultuer brochte boulân, oan de bûtenkant de simmerpolders, dy't meast as greide brûkt wurde, mei lânoanwinningswurken en riisdamen. Eartiids wienen dêr in soad dobben, mar dy binne by it yn kultuer bringen fan it lân tichtsmiten. Winterdeis binne de grutte kloften guozzen te finen, benammen de rotgoes en de paugoes. Ek smjunten sykje hjir massaal om fretten en rêst. By ôfgeand wetter ferspriede de fûgels har om yn it slyk iten te finen, by opgeand tij sammelje se har op de heechwetterflechtplakken.
<gallery>
Ofbyld:Noard Fryslân bûtendyks 68.jpg
Ofbyld:Noard Fryslân bûtendyks 46.jpg
Ofbyld:Noard Fryslân bûtendyks 39.jpg
</gallery>
{{Boarnen|boarnefernijing=
* [http://www.fryskegea.nl/default.aspx?artID=55 It Fryske Gea]