Taconisbosk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
personalia datums
Rigel 1:
De '''Taconisbosk''', is in ike- en bjirkebosk fan 12 hektare op de flank fan it Tsjongerdal, tusken de [[Tsjonger]] en [[Nijskoat]]. It leit midsk agrarysk gebiet en wurdt beheard troch [[It Fryske Gea]]. De bosk is te berikken oer it histoaryske tsjerke- en klompepaad. Eartiids wienen de tsjerken fan [[Aldskoat]], Nijskoat en [[Rotstergaast]] troch dit [[tsjerkepaad]] mei elkoar ferbûn. De tsjerken hienen ien dûmny, dy't alle sneinen seis kilometer rinne moast om yn alle trije tsjerken it Wurd te ferkundigjen. In diel fan it paad bestiet noch. Dit rint oer begraafplak de Skoatterhof en lâns in monumintaal goatysk tsjerkje mei in [[klokkestoel]]. De muorren fan it tsjerkje bestiet út âlde [[kleastermop]]pen, de klok is út de [[14e ieu]]. It paad rint fierder dwers troch it kultuerlânskip mei houtwâlen lâns de Taconisbosk oan de [[Van Engelenfeart]] ta. Eartiids lei dêr in pontsje. Nei it oerstekken fan de feart koe men oer it paad trochrinne nei Rotstergaast.
 
De bosk is neamd nei [[Johannes Hendrik Taconis]] ([[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]], [[17 april]] [[1863]] -[[It Oranjewâld]], [[29 oktober]] [[1949]] ), eigener fan tabaksfabryk "De Rokende Moor" oan de Dimpte Molewyk op [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]]. Letter waard dat fabryk ferpleatst nei [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. De famylje Taconis hie by Nijskoat ek lannerijen mei pleatsen dy't ferpachte waarden. It gebiet leit op in sânrêch, in oerâlde ouwerwâl fan de [[Tsjonger]], de natoerlike grins fan It Hearrenfean mei Weststtellingwerf. Dit 'woaste' terrein waard foar in diel ûntgûn en diels mei bosk beplante. Oan de protte saneamde 'rabatten' is te sjen dat de bosk yn it earstoan brûkt waard foar houtwinning. Yn de westkant fan de bosk leit, in bytsje ferskûle, in fiver mei wat heuveltsjes. Neffens oerlevering soe hjir eartiids in bouwurk stien hawwe dat brûkt waard as jachthutte of simmerhûs. Fan de soan fan Johannes Hendrik (Jan Gelinde) is bekend dat er in libbensgenieter wie dy't graach jeie mocht.
 
De bosk bestiet meast út iken en [[bjirken]], mar ek [[hulst]], hop en [[kamperfoelje]] groeit hjir. De Taconisbosk fan no is folle tichter begroeid as eartiids. Troch it rjochta-rjochtoan bosk rint in breed paad dat op de ein útsjoch jout op de eardere healannen by de Tsjonger.