Ferskil tusken ferzjes fan "Willem Barents"

gjin bewurkingsgearfetting
(oanf,)
It sukses fan Nay late ta in twadde, gruttere ekspedysje yn [[1595]], ûnder lieding fan Barentsz en [[Jacob van Heemskerk]], dêr't ek wer Nay en [[Jan Huygen van Linschoten]] meidienen. Troch it iis slagge it de ekspedysje net om de Karasee te beriken. Wol waard hannel driuwen ticht by de mûning fan [[Petsjora (rivier)|Petsjora]] mei de lokale [[Nenetsen]] (doe [[Samojeden]] neamd).
 
Yn [[1596]] fertrok Barentsz foar de tredde kear nei it noard, opnij mei Van Heemskerk. Opdrachtjouwer foar de tredde reis wie de eardere kartograaf en dominee [[Petrus Plancius]]. Diskear fear Barentsz fanôf [[Skandinaavje]] net nei it easten, maar nei it noarden. Hy ûntdekte in eilân dat hij ''Fiere eilân'' neamde (it tsjintwurdige [[Bereneilân]]) en fierders noardlik, op 80° 11' NB, in lân dat er ''It Nije Lân'' neamde (it tsjintwurdige Spitsbergen). Werom op Bereneilân, waard de ekspedysje yn twaen splitst. Ien skip, ûnder [[Jan Corneliszoon Rijp]], besocht westlik fan Spitsbergen in trochfeart te finen, wylst Barentsz de seeën tusken Spitsbergen en Nova Zembla ûndersocht.
 
Barentsz slagge deryn om it noardpunt fan Nova Zembla te omfearen, mar kaam dêrnei fêst te sitten yn it iis. Fan oanspield driuwhout bouden sy in hûs dat bekend wurden is as [[It Behâlden Hûs]], dêr't ferfolgens de winter yn trochbrocht waard. De folgjende maaitiid waard in ekstra sloep boud, sadat de sechtsjin opfarrende nei de bewenne wrâld werom komme koenen. Barentsz hat lykwols in wike nei it fertrek dea gien. Syn manlju berikten mei de sloep it skiereilân [[Kola (skiereilân)|Kola]] dêr't sy oppikt waarden troch it Nederlânsk hannelskip. [[Gerrit de Veer]] hat fan de tredde reis in ferslach makke. Fan de 16 opfarrende fan Barentsz lêst reis, hawwe 12 Nederlân libbjend werom sjoen.
19.909

bewurkings