Willem Barents: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsje grutter
sûnder z
Rigel 5:
 
== Biografy ==
Oer it libben fan Barents foar it begjin fan de ekspedysjes is net in soad bekend. Hy wie keapman en wittenskipper en makke in atlas fan de [[Midslânske See]]. Yn [[1594]] hie hy de lieding oer de earste ekspedysje fan twa skippen om de noardeastlike trochfeart nei Aazje en it Fiere Easten te finen. Barents folge de kust fan Nova Sembla yn'e hope om de eilannen hinne te farren, mar hy waard troch it iis tsjinhâlden. In twadde skip dat [[Cornelis Nay]] as kaptein hie, hie mear súkses. Dy wist fia de [[Strjitte fan Waygats]] yn de [[Karasee]] te kommen. [[Jan Huygen van Linschoten]], dy't op de reis oanwêzich wie hat in beskriuwing makke yn syn ''[[Voyagie, ofte schip-vaert van by Noorden om langes]]''.
 
It sukses fan Nay late ta in twadde, gruttere ekspedysje yn [[1595]], ûnder lieding fan Barentsz en [[Jacob van Heemskerk]], dêr't ek wer Nay en [[Jan Huygen van Linschoten]] meidienen. Troch it iis slagge it de ekspedysje net om de Karasee te beriken. Wol waard hannel driuwen ticht by de mûning fan [[Petsjora (rivier)|Petsjora]] mei de lokale [[Nenetsen]] (doe [[Samojeden]] neamd).
 
Yn [[1596]] fertrok BarentszBarents foar de tredde kear nei it noard, opnij mei Van Heemskerk. Opdrachtjouwer foar de tredde reis wie de eardere kartograaf en dominee [[Petrus Plancius]]. Diskear fear BarentszBarents fanôf [[Skandinaavje]] net nei it easten, maar nei it noarden. Hy ûntdekte in eilân dat hij ''Fiere eilân'' neamde (it tsjintwurdige [[BereneilânBeareëilân]]) en fierders noardlik, op 80° 11' NB, in lân dat er ''It Nije Lân'' neamde (it tsjintwurdige Spitsbergen). Werom op Bereneilân, waard de ekspedysje yn twaen splitst. Ien skip, ûnder [[Jan Corneliszoon Rijp]], besocht westlik fan Spitsbergen in trochfeart te finen, wylst BarentszBarents de seeën tusken Spitsbergen en Nova Zembla ûndersocht.
 
BarentszBarents slagge deryn om it noardpunt fan Nova Zembla te omfearen, mar kaam dêrnei fêst te sitten yn it iis. Fan oanspield driuwhout bouden sy in hûs dat bekend wurden is as [[It Behâlden Hûs]], dêr't ferfolgens de winter yn trochbrocht waard. De folgjende maaitiid waard in ekstra sloep boud, sadat de sechtsjin opfarrende nei de bewenne wrâld werom komme koenen. BarentszBarents hat lykwols in wike nei it fertrek dea gien. Syn manlju berikten mei de sloep it skiereilân [[Kola (skiereilân)|Kola]] dêr't sy oppikt waarden troch it Nederlânsk hannelskip. [[Gerrit de Veer]] hat fan de tredde reis in ferslach makke. Fan de 16 opfarrende fan BarentszBarent lêst reis, hawwe 12 Nederlân libbjend werom sjoen.
 
Seefeartskoalle [[Maritym Ynstitút Willem BarentszBarents]] op [[Skylge]] is nei him neamd.
 
== Keppelings om utens ==