Ferskil tusken ferzjes fan "Willem Barents"

gjin bewurkingsgearfetting
(mei "z")
[[Ofbyld:1601 De Bry and de Veer Map of Nova Zembla and the Northeast Passage - Geographicus - NovaZembla-debry-1601.jpg|thumb|Kaart út 1601 mei de rûte fan Barents]]
[[Ofbyld:Barents-iisbear.jpg|thumb|''Barents' syn mannen fjochtsje mei in iisbear'']]
'''Willem Barents''', yn it [[Nederlânsk]] skreaun as '''Willem Bartentz''' (* [[Formearum]], sa. [[1550]] - † [[Nova Sembla]], [[20 juny]] [[1597]]) wie in [[Fryslân|Fryske]] seefarder en ûntdekkingsreizger fan [[Skylge]]. Willem Barents makke trije ûntdekkingsreizen om de noardeastlike trochfeart te finen, wêrby't hy de kusten fan Nova Sembla ferkende en [[Beareëilân]] en [[Spitsbergen]] ûntdekke.
 
== Biografy ==
Yn [[1596]] fertrok Barents foar de tredde kear nei it noard, opnij mei Van Heemskerk. Opdrachtjouwer foar de tredde reis wie de eardere kartograaf en dominee [[Petrus Plancius]]. Diskear fear Barents fanôf [[Skandinaavje]] net nei it easten, maar nei it noarden. Hy ûntdekte in eilân dat hij ''Fiere eilân'' neamde (it tsjintwurdige [[Beareëilân]]) en fierders noardlik, op 80° 11' NB, in lân dat er ''It Nije Lân'' neamde (it tsjintwurdige Spitsbergen). Werom op Bereneilân, waard de ekspedysje yn twaen splitst. Ien skip, ûnder [[Jan Corneliszoon Rijp]], besocht westlik fan Spitsbergen in trochfeart te finen, wylst Barents de seeën tusken Spitsbergen en Nova Zembla ûndersocht.
 
Barents slagge deryn om it noardpunt fan Nova Zembla te omfearen, mar kaam dêrnei fêst te sitten yn it iis. Fan oanspield driuwhout bouden sy in hûs dat bekend wurden is as [[It Behâlden Hûs]], dêr't ferfolgens de winter yn trochbrocht waard. De folgjende maaitiid waard in ekstra sloep boud, sadat de sechtsjin opfarrende nei de bewenne wrâld werom komme koenen. Barents hat lykwols in wike nei it fertrek dea gien. Syn manlju berikten mei de sloep it skiereilân [[Kola (skiereilân)|Kola]] dêr't sy oppikt waarden troch it Nederlânsk hannelskip. [[Gerrit de Veer]] hat fan de tredde reis in ferslach makke. Fan de 16 opfarrende fan BarentBarents lêst reis, hawwe 12 Nederlân libbjendlibjend werom sjoen.
 
== Oar ==
Seefeartskoalle [[Maritym Ynstitút Willem Barentsz]] op [[Skylge]] is nei him neamd.
De seefeartskoalle [[Maritym Ynstitút Willem Barentsz]] op [[Skylge]] is nei him neamd, ek [[Barentsburch]], [[Barentseilân]], de [[Barentssee]] en de walfiskfabryksskippen [[Willem Barendsz (I)|''Willem Barendsz'']] (I) en [[Willem Barendsz (II)|''Willem Barendsz'']] (II).
 
 
== Keppelings om utens ==
 
{{boarnen|boarnefernijing=
'''Literatuer:'''
* {{aut|Rayner Unwin}}, ''Willem Barentsz en de expeditie om de Noord'', 2011.
 
'''Keppeling om utens:'''
* [http://www.behouden-huys.nl Museum 't Behouden Huys] op [[Skylge]]
* [http://www.kennisnet.nl/po/leerkracht/perdagwijzer/novazembla/doc/novazembla-lesbrief.doc Lesbrief Oerwintering op Nova Zembla op Kennisnet]
}}
 
{{DEFAULTSORT:Barents, Willem}}
19.909

bewurkings