Willem Barents: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf, red
Rigel 12:
 
Barents slagge deryn om it noardpunt fan Nova Zembla te omfearen, mar kaam dêrnei fêst te sitten yn it iis. Fan oanspield driuwhout bouden sy in hûs dat bekend wurden is as [[It Behâlden Hûs]] en dêr't ferfolgens de winter yn trochbrocht waard. De folgjende maaitiid waard in ekstra sloep boud, sadat de sechtsjin opfarrende nei de bewenne wrâld werom komme koenen. Barents hat lykwols in wike nei it fertrek dea gien. Syn manlju berikten mei de sloep it skiereilân [[Kola (skiereilân)|Kola]] dêr't sy oppikt waarden troch it Nederlânsk hannelskip. [[Gerrit de Veer]] hat fan de tredde reis in ferslach makke. Fan de 16 opfarrende fan Barents lêst reis, hawwe 12 Nederlân libjend werom sjoen.
 
== Wurdearring ==
Barents tredde reis wie ien fan de safolste fergeefske besikings om de Noardeastlike Trochgong te finen en doe't [[Cornelis de Houtman]] op de ein 16e ieu de earste Nederlânske reis om de [[Kaap de Goede Heap|Kaap]] foltôge, ferlearen de Nederlânske keaplju harren ynteresse om in rûte nei Aazje te finen fia it poalgebiet. De reis fan Barents ferdwûn stadichoan út it ûnthâld. Pas om 1810 hinne kamen syn reizen wer yn it sin doe't ûnder ynfloed fan de Frânske besetting de Hollânsk trots werlibbe. Doe't de dichter [[Hendrik Tollens]] yn 1819 syn sentimintele lofdicht ''Tafereel van de overwintering op Nova Zembla'' útjoech, dêr't hy syn lânsgenoaten yn opropt om wer sokke dieden te dwaan, wie men dêroer dan ek tige te sprekken en krige hy dêrfoar in literatuerpriis. Ek de skoalleplaat "De oerwintering op Nova Zembla" fan [[Johan Herman Isings]] hat bydroegen oan dat nasjonale gefoel.
 
De oerbliuwsels fan it Behâlden Hûs wienen lykwols al wat earder fûn yn [[1871]] troch de Noarske walfiskfarder [[Elling Carlsen]] en dêrnei troch de Brit [[Charles Gardiner]], dy't yn [[1876]] it Behâlden Hûs letterlik ôfbruts op seek nei spoaren. Russyske wittenskippers dy't letter it stee besochten melden dat er sawat neat mear fan oer wie. De fynsten dy't sy dienen waarden meinaam en ferkocht oan Nederlânske musea.
 
Nei de fal fan de Sowjet-Uny yn [[1989]] hawwe nije argeologyske ekspedysjes de fynplak opnij ûndersocht. By de earste wie de [[Ryksuniversiteit Grins]] belutsen ûnder lieding fan Louwrens Hacquebord fan it [[Arctisch Centrum]] en by de twadde en tredde it [[Ryksmuseum Amsterdam|Ryksmuseum]] en de [[Universiteit fan Amsterdam]]. Dy ekspedysjes hawwe laat ta nij belangstelling foar Barents yn Nederlân.
 
Bartents jildt as de bekendste ûntdekkingsreizger fan Fryske komôf.
 
== Oar ==