Romeinske Republyk: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
fw |
No edit summary |
||
Rigel 7:
It begjin fan de Romeinske skiednis leit yn de ferieniging fan Paltinus en de Quirinalis, de âldst bewenne heuvels fan Rome. De stêd dy't hjirút ûntstie kaam al gau ûnder [[Etrusken|Etruskyske]] hearskippij te lizzen. Neidat de Romeinen de Etruskyske kening [[Tarkwinius]] yn [[496 f. Kr.]] ferdreaunen, sletten Romeinen en Latinen in ferbûn. Nei de ferovering fan Feji ([[396 f. Kr.]]) wreide Rome har macht út oer de omhinne lizzende krite, nettsjinsteande de ûnderlinge striid tusken [[Patrysjer|patrysjers]] en [[pebejers]]. De ekspânsje stagnearre lykwols yn [[387 f. Kr.]] doe ynfallende [[Galjers]] Rome oermasteren en de Romeinen in fernederjende frede opleinen. It gefolch wie dat de buorfolken yn opstân kamen. De opstân waard betwongen nei jierrenlange striid; yn de [[Samnityske Krigen]] (326-304 en 298-290 f. Kr.) slaggen de Romeinen, nettsjinsteande earst nederlagen (pas fan Caudium, [[321 f. Kr.]]), harren macht fierder út te wreidzjen yn [[Kampanje]] en Samnium. Sy rekken dêr yn konflikt mei Tarente, dat de help ynrop fan kening [[Pyrrus fan Epirus]], dy yn [[275 f. Kr.]] by Beneventum ferslein waard. Fan dat stuit ôf stie it Súd- en Midden-Itaalje ûnder Romeinske hegemony.
Troch in systeem fan wegen en koloanjes hanthavenjen de Romeinen harren gesach. De ûnderwurpen folken waarden ''"socii"'' (bûnsmaten). Oan inkele Latynske steden waard it boargerrjocht ferline. Troch de feroveringen yn Súd-Itaalje kaam Rome yn kontakt mei de [[Kartago|Kartagers]]. Nei de [[Earste Punyske Oarloch]] (264-241 f. Kr.) ferkrigen de Romeinen [[
== Reformaasje fan de Republyk ==
Rigel 18:
Hja wisten de senaat nei harren hân te setten. Caesar gie yn [[59 f. Kr.]] nei [[Galje]] dat hy yn tsien jier tiid ûnderwurp. Krassus sneuvele tsjin de Parten ([[53 f. Kr.]]). It oerheljen fan Pompejus troch de senaat late ta de saneamde Twadde Boargerkiich (49-45 f. Kr.). Pompejus waard troch Caesar ferlein dy't dêrtroch allinnich hearsker wurden wie. Hy soe de basis lizze foar it lettere keizerskip. Nei syn fermoardzjen troch guons fan de senaat kaam yn [[43 f. Kr.]] it Twadde Trijmanskip ta stân tusken [[Oktavianus]], [[Lepidus]] en [[Markus Antonius]]. Lepidus waard oan de kant skowe, Oktavianus krige it westen, Antonius it easten. Antonius rekke ûnder ynfloed fan de Egyptyske keninginne [[Kleopatra VII|Kleopatra]] en foar ferstuts er syn eigen frou dy't in suster wie fan Oktavianus. In Tredde Boargerkriich bruts út yn 31 f. Kr. en Antonius en Kleopatra waarden ferslein troch Oktavianus. Dizze ferwurf no de allinnich hearskippij en dat soe de ein betsjutte fan de Republyk.
{{boarnen|boarnefernijing=
'''Literatuer:'''
* {{aut|Tom Holland}}, ''Rubicon, Het einde van de Romeinse Republiek'', Athenaeum-Polak & Van Gennep, 2010.
}}
[[Kategory:Romeinske âldheid]]
|