Aldfrysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 3:
Yn dat tiidrek kamen yn it Frysk noch namfallen en ûnderskie tusken de manlike en froulike grammatikale geslachten foar. De âldste oerlevere Fryske tekst is in fragmintaryske psalmoersetting út 'e [[12e ieu]]. Alle oare oerlevere teksten, benammentlik [[rjochtshânskrift]]en, binne fan 'e 13e ieu of letter. De measte binne út 'e 14e en 15e ieu, want tusken [[1300]] en [[1500]] belibbe it Frysk in grutte bloeitiid as skriuwtaal. It waard brûkt yn alle fasetten fan it bestjoer yn [[Fryslân]] en wie sa wichtich, dat al om 1485 hinne it earste drukte boek yn it Frysk ferskynde, de [[Freeska Landriucht|Alde Druk fan it Fryske Lânrjocht]]. Dat is foar sa'n lytse taal tige seldsum, mei't de [[boekdrukkeunst]] amper 35 jier earder útfûn wie.
 
Om [[1500]] hinne kaam oan 'e bloeitiid fan it Frysk lykwols abrupt in ein. Foar in grut part wie dat in gefolch fan 'e machtsoername troch [[Albrecht fan Saksen]], yn [[1498]], om't dy yn 'e jierren dêrnei in grut tal bûtenlânske amtners oanluts en it Frysk as bestjoerstaal ferfong troch it [[Hollânsk]]. It Frysk waard weromkrongen nei it plattelân, dêr't it, relatyf isolearre fan it Hollânsk troch de minne ferbinings fan dy tiid, as sprektaal fan frijwol de hiele befolking fuortlibbe. De ein fan 'e Aldfryske perioade, dy't ornaris om [[1550]] hinne lein wurdt, falt gear mei dizzedy weromfal fan skriuw- ta sprektaal.
 
== Oerlevere teksten ==
It grutste part fan de boarnen dy't yn it Aldfrysk bewarre bleaun binne, binne rjochtsteksten. Sy binne benammen oerlevere yn sechtsjin kodeksen en ien printenprinte boek:<ref>Oebele Vries (ed.), ''Asega, is het dingtijd?: De hoogtepunten van de Oudfriese tekstoverlevering'', Leeuwarden-Utrecht: Steven Sterk 2007, s. 11-14.</ref>
 
Tusken Lauwers en Weser: