Kodeks Roarda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
dupe image deleted + commons link
Rigel 4:
==Datearring en skiednis fan it boek==
De oarsprong fan de Kodeks Roarda is net dúdlik. Nei alle gedachten is yn [[1480]] begûn mei it meitsjen derfan. Briquet datearre it boek oan de hân fan wettermerken op 1495.<ref>C.M. Briquet, ''Les Filigranes, Dictionnaire Historique des Marges du Papier'', 4 vol., Paris, 1907</ref> Nij papierûndersyk hat no laat ta in datearring omtrint 1504.<ref>Gerard van Thienen, 'A date for the "Freeska Landriucht " Press (1484-7) from paper evidence, with a note on the Codex Roorda...', yn: ''Incunabula: studies... presented to Lotte Hellinga'' (cf. nr. 2966), side 141-167, ill. </ref>
Wa't it boek gearstalle litten hat is ek net helder. De earste besitter wie lykwols [[Karel fan Roarda]], dy't healwei de [[17e ieu]] [[grytman]] wie fan [[Idaarderadiel]] en (ek) lid fan Deputearre Steaten. As lid fan in aadlik Frysk [[haadling]]engeslacht, is it mooglik, mar net sekerwis, dat it wetboek al oardel ieu famyljebesit wie.
 
Karel fan Roarda (†1670) hat de kodeks oan [[Simon Abbes Gabbema]] ([[1628]] – [[1688]]), lânshistoarjeskriuwer fan de provinsje Fryslân, jûn (of ferkocht). Nei de fêstiging fan it sintraal gesach troch hartoch [[Albrecht III fan Saksen|Albrecht fan Saksen]] yn [[1498]], wie der in ein komd oan de ieuwen fan de [[Fryske Frijheid]], it tiidrek wêryn't de Friezen gjin inkel gesach, [[lienheer]] of lânsman erkenden útsein de [[List fan keizers fan it Hillige Roomske Ryk|keizer]]. Se wiene oant dan frij harren eigen rjochtspraak te regeljen en basearren dat op ieuwenâlde útgongspunten. It mei dúdlik wêze dat in histoarikus as Gabbema in de 17e ieu mear oan it boek hie as in grytman as Fan Roarda.