Kodeks Roarda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 9:
[[Ofbyld:Codexcover.jpg|thumb|left|300px]]
Der is in lakune yn de skiednis fan de Kodeks Roarda fan it momint ôf dat Gabbema it yn besit hie oant de folgjende foarsitter, [[Petrus Wierdsma]] ([[1729]] - [[1811]]). It is mooglik dat ds. Johannes van der Waeijen, de opfolger fan Gabbema, it boek as ûnderdiel fan de profesjonele neilittenskip fan Gabbema oernomd hat.
Neffens de Ljouwerter stedshistorikus [[Wopke Eekhoff]] yn in lêzing foar it [[Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde|Frysk Genoatskip]] yn [[1854]], is it ûnwierskynlik dat Petrus Wierdsma it boek urven hat: syn heit wie arts en Petrus wie notaris/rjochtsgelearde.<ref>W. Eekhoff, 'Voorlezing over het leven van Petrus Wierdsma en zijne verdiensten omtrent de geschiedenis en letterkunde van Friesland', ''De Vrije Fries'' 8 (1859) 1-47</ref> Eekhoff wit ek te fertellen dat Petrus Wierdsma boeken en kodeksen oernomd hat út de neilittenskip fan Werumeus, Halsema, Heringa en oaren, mar oft de Kodeks Roarda hjirdêr tusken siet, is net bekend.
 
Petrus Wierdsma bestudearre en publisearre oer de âlde Fryske wetten en sekerwis is dat hyer hjirfoardêrfoar de Kodeks Roarda brûkte, dy't hyer oerseteoersette en fergelike mei de rjochtsteksten út de kodeksen Dousa en Emmius.<ref>Petrus Wierdsma en Pieter Brantsma, ''Oude Friese wetten / met eene Nederduitsche vertaaling en ophelderende aantekeningen voorzien'' (yn trije dielen, wêrfan't it tredde nea publisearre waard, 1782 1788), Kampen en Ljouwert, J.A. de Chalmot en J. Seydel</ref>
 
Nei syn ferstjerren dienen de widdo en soan fan Wierdsma it wichtichste diel fan syn bibleteek troch in feiling fan de hân. Hânskriften, lykas de Kodeks Roarda bleau noch in skoft bewarrenbewarre, mar ek dizzendy waarden ferkocht yn 1858. De Kodeks Roarda kaam doe yn besit fan de Dútske germanist, rjochtsgelearde en heechlearaar [[Karl von Richthofen|Karel baron fan Richthofen]] (1811 – 1888). Syn wichtichste publikaasje yn relaasje ta de Kodeks Roarda is ''Untersuchungen über friesische Rechtsgeschichte'' (yn trije dielen tusken 1880 en 1886).
 
De Provinsjale Bibleteek fan Fryslân (no ûnder de namme Tresoar) hat yn 1922 út de neilittenskip fan Von Richthofen tsien Aldfryske hânskriften oankocht, wêrûnder de Kodeks Roarda (oantsjutten as Ro). Dêr wurdt it no noch altyd bewarre.