Joadetsjerkhôf Noardwâlde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: it '''Joadetsjerkhôf Noardwâlde''' of '''Jeudse Karkhof Noordwoolde''' is in natoergebiet fan 0,3 hektare dat beheard wurdt troch It Fryske Gea. Dit tsjerkhôf stamt út 1770 en is ...
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
foto der by
Rigel 1:
[[Ofbyld:IFG Jeudse Karkhof Noardwâlde ddk.jpg|thumb|''Joadetsjerkhôf Noardwâlde'']]
itIt '''Joadetsjerkhôf Noardwâlde''' of '''Jeudse Karkhof Noordwoolde''' is in natoergebiet fan 0,3 hektare dat beheard wurdt troch [[It Fryske Gea]]. Dit tsjerkhôf stamt út 1770 en is it lêste oantinken oan de lytse joadske meinskipmienskip dy't sûnt [[1750]] yn Noardwâlde wie.
 
Om it âlde tsjerkhôf dat boppeoan de Skiepedrift oan de noardkant fan Noardwâlde steane iken op de beamwâl. It tsjerkhôf leit heger as de ôfgroeven omjouwing. It net mear brûkte begraafplak ‘Israël' is eigendom fan de Israëlyske Gemeente yn Ljouwert. De joadske mienskip hat it hôf yn [[1989]] opknapt: der is in monumintsje komd en by de tagong stiet in poarte. It monumintsje bestiet út in glêsplaat yn twa izeren peallen, op de plaat steane 38 joadske oarlochsslachtoffers.