Eise Eisinga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tf
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Polityk: harsenkreaker op de grêfstien: LC, 1-12-2011 side 17
Rigel 10:
Eisinga wie [[patriotten|patriot]] en krige in konflikt mei de fan de prins oertsjûge skutterij, dat hy moast yn [[1787]] flechtsje. Hy gie nei [[Dútslân]], mar doe't er hearde dat syn wiif stoarn wie en der beslach op syn hûs lein wie, fêstige er him as wolkjimmer yn [[Fiskflyt]]. Yn [[1791]] waard er dochs noch oppakt en foar fiif jier út Fryslân ferballe. Hy wertroude mei Trijntje Eelkes Sickema út Fiskflyt en kaam earst nei de omkearing fan [[1795]] werom yn Frjentsjer.
 
Hy waard lid fan it Frysk Provinsjaal Bestjoer yn de [[Bataafske Republyk]] en advisearre in oantal kommisjes, û.o. om twa rjochters te ôf te setten nei it [[Kollumer Oproer]]. Eisinga waard bûtengewoan heechlearaar oan it [[Frjentsjer Akadeemje]], oant dy yn 1811 op last fan [[Napoleon Bonaparte|Napoleon]] sletten waard. Hy waard beneame as broeder fan de Oarde fan de Nederlânske Liuw, jn ûnderskieding dêr't ek in lyts ynkomen oan ferbûn wie. Eisinga ferstoar op 84 jierrige leeftyd en hat in testamint neilitten dêr't er de wurking fan syn planetarium yn beskreau. Op syn grêfstien stiet in harsenkreaker oer wannear't syn heit stoar en hoe âld oft hy doe wie: syn stjerjier plus syn leeftiid doe't hy stoar is 1854. En in kwart fan dy leeftiid fermannichfâldige mei syn stjerjier is 31120
 
== Planetarium ==