Francisco Franco: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: bcl:Francisco Franco
→‎Skiednis: tf, red
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
Yn [[1936]] wie Francisco Franco de lieder fan de militêre opstân tsjin de wettich keazen linkse regearing fan [[Spanje]]. Fan it destiids Spaanske diel fan fan [[Marokko]] út, begûn hy de [[Spaanske Boargeroarloch]], dy't oant [[1939]] duorre en in protte minskelibbens kostje soe.
Dêrby waard Franco aktyf stipe troch de [[fasisme|fasistyske]] rezjyms fan [[Mussolini]] yn [[Itaalje]] en dat fan [[Adolf Hitler|Hitler]] yn [[Dútslân]]. Hitler stjoerde sels in part fan syn loftmacht nei Spanje dy't in ûnderdiel foarme fan it [[Condorlegioen]]. Ek de machtige [[Roomsk-Katolike Tsjerke|tsjerke]] stie oan de side fan Franco. De tsjinstanners fan Franco yn de boargeroarloch dy't wol beskôge wurdt as de oanrin nei de [[Twadde Wrâldkriich]], waarden û.o. stipe troch de [[kommunisme|kommunisten]] en de [[Sowjet-Uny]].
 
Rigel 11:
Nei de Twadde Wrâldkriich fersette Franco de beakens. De [[monargy]] waard troch him yn [[1947]] yn eare wersteld en de [[Kâlde Kriich]] makke him oanfaardber as partner fan de [[Feriene Steaten fan Amearika|Feriene Steaten]], fral doe't de [[Republikeinske Partij|Republikeinen]] yn de regearing kamen. Lykwols hawwe de Jeropeeske bûnsmaten hieltyd ferhindere dat Spanje, krekt as dat wol barde mei it Portegal fan [[Antonio de Oliveiro Salazar|Salazar]], lid wurde koe fan de [[Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]].
 
Under syn bewâld waard it near lein op alle foarmen fan opposysje, mar kende Spanje ek in perioade fan betreklike stabiliteit. Troch de tanommen wolfeart yn de jierren sechtich ûntstie in nije middenklasse dy't njonken ekonomyske ek mear politike frijjheidfrijheid easkjen gie. De lêste fiif jier naam de krityk op Franco hiel bot ta. Franco ferstoar yn [[1975]] yn'e âldens fan 82-jier.
 
Franco hie syn opfolging goed taret. Hy hie de pakesizzer fan de lêste Spaanske kening, [[Juan Carlos fan Spanje|Juan Carlos]], al earder oanwiisd as syn opfolger. Twa dagen nei Franco syn dea waard dizzedy beëdige as kening fan Spanje. Hoewol't kening Juan Carlos in fertrouwelingfertrouling wie fan Franco stjoerde hy toch gau - net ferwachte - oan op werstel fan de [[demokrasy]] yn Spanje.
 
De oanhing fan de ''caudillo'' rûn nei syn dea hurd weromtebek. En op [[17 maart]] [[2005]] waard it lêst stânbyld fan Franco yn Madrid út it sicht ferwidere.
 
== Literatuer ==