Doarestêd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf mei ynfo fan :nl
Rigel 15:
 
== Muntslach ==
De stêd wie wiidferneamd troch de eigen munt dy't der slein waard. De [[skeatta]] dy't der slein waard wie in aardich skoft in wichtich middel om mei te beteljen yn West- en Noard-Jeropa. Yn [[695]] fersloegen de Franken ûnder lieding fan kening [[Pippyn II]] yn de Slach by it 'castrum'Dorestêd. It soe oant nei de dea fan kening Redbad yn [[716]] duorje oant de Friezen de stêd foargoed opjoegen. Mei troch de beskerming fan Karel de Grutte en de biskoppen groeide Dorestêd yn de 8e en 9e ieu út ta in stêd mei 4000 ynwenners. As fergeliking: Yn de stêd Utert wennen doe sa'n 400 minsken. De bou fan de stêd wie hielendal ôfstimd op de hannel, sa'n 3,5 kilometer fan de Kromme Ryn wie beboud en fan steigers foarsjoen. Yn 800 is de stêd op syn rykst. It is dan oerslachplak fan tusken Noard- en Súd-Europa. Glês út Feneetsje giet oer Dorestêd nei Skandinaavje en hout krekt oarsom. Trochdat Dorestêd destiids in rike stêd wie, kaam der ek omtinken fan de [[Wytsingen]] ([[Gottfried (Fryslân)]] bygelyks) dy't de stêd regelmjittichgeregeld plonderen, û.o. yn [[834]], [[835]], [[844]], [[857]] en [[873]]. It ferhaal dat de Wytsingen it plak platbaarnden is ûnsekernet wis. Ynstee fan de melkko te slachtsjen kamen se alle jierren werom foar in lytse rôverij. It hannelsplak wie ommers min te ferdigenjen. Neffens wittenskippers wienen der by de oanfal yn 834 op Dorestêd likernôch 7000 Wytsingen belutsen.
 
== It ferfal ==