Doarestêd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 17:
De stêd wie wiidferneamd troch de eigen munt dy't der slein waard. Om-ende-by [[640]] hat der in muntmaster mei de namme [[Madelinus]] oan it wurk west. Oant likernôch [[690]] waarden der gouden munten slein, dêrnei in protte sulveren [[skeatta]]'s. <ref>D.J. Henstra, blz. 48</ref><ref>G.M. de Meyer en C.F.M. Koch, blz. 7</ref> De skeatta út Dorestêd hawwe in aardich skoftsje lang as in wichtich betelmiddel jilden, en koe der mei betelle wurden yn West- en Noard-Jeropa. Yn it [[Karolingen|Karolingyske]] tiidrek waarden yn Dorestêd munten slein mei it opskrift fan [[Pippyn de Koarte]], Karel de Grutte en [[Loadewyk de Fromme]].<ref>H. Enno van Gelder (1978), ''Munten'', yn: Spiegel Historiael, siden 302-304</ref> Muntjild dat yn Dorestêd slein is, is oant yn Ruslân weromfûn. In oarkonde fan Karel de Grutte út 777 stiet opskreaun dat er yn Dorestêd ouwerbelêsting (ripaticum) heven waard.
 
Yn [[695]] fersloegen de Franken ûnder lieding fan kening [[Pippyn II]] de Friezen yn de slach by it 'castrum' Dorestêd. De stêd kaam yn Frankyske hannen en bleau dat oant [[715]] doe it wer Frysk waard, mar trije jierren letter mei de dea fan kening [[Redbad]] wiksele it besetwer opnij fan eigener, diskear foarfêst.
 
Mei troch de beskerming fan Karel de Grutte en de biskoppen groeide Dorestêd yn de 8e en 9e ieu út ta in stêd mei 3000 ynwenners. As fergeliking: Yn de stêd Utert wennen doe sa'n 400 minsken. De bou fan de stêd wie alhiel ôfstimd op de hannel, sa'n 3,5 kilometer fan de Kromme Ryn wie beboud en fan steigers foarsjoen. Yn 800 is de stêd op syn rykst. It is dan oerslachplak fan tusken Noard- en Súd-Europa. Glês út Feneetsje giet oer Dorestêd nei Skandinaavje en hout krekt oarsom. Trochdat Dorestêd destiids in rike stêd wie, kaam der ek omtinken fan de [[Wytsingen]] ([[Gottfried (Fryslân)]] bygelyks) dy't de stêd geregeld plonderen, û.o. yn [[834]], [[835]], [[844]], [[857]] en [[873]]. It ferhaal dat de Wytsingen it plak platbaarnden is net wis. Ynstee fan de melkko te slachtsjen kamen se alle jierren werom foar in lytse rôverij. It hannelsplak wie ommers min te ferdigenjen. Neffens wittenskippers wienen der by de oanfal yn 834 op Dorestêd likernôch 7000 Wytsingen belutsen.