Dekemastate (Jelsum): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
fw
Rigel 2:
De '''Dekemastate''' is in [[state]] yn [[Jelsum]]. De namme komt út de [[16e ieu]], doe't in famylje mei de namme ''Dekema'' de state bewenne. It bestean fan it gebou is lykwols folle âlder en hat ek de nammen ''Fetsastate'' en ''Camstrastate'' hân. De skreaune skiednis begjint mei de fermelding yn in oarkonde út [[1486]]. Troch ûndersyk hat bliken dien dat er yn de [[13e ieu]] al in ferdigenbere [[stins]] stie op it plak fan it hjoeddeiske gebou.
 
De lêste famylje dy't Dekemastate bewenne hat, is de famylje Van Wageningen west, hja wennen fan [[1791]] oant [[1996]] op de state. It besit fan Dekamastate is dêrnei oerdroegen oan it [[Old Burger Weeshuis|Old Burger Weeshûs]] te Ljouwert. Dizze stifting is noch hieltyd dwaande mei de restauraasje. Troch harren is Dekemastate no iepensteld as [[museum]]. Earder al, yn [[1814]] is de boppeferdjipping fan de stins ôfhelle, dêr't it gebou in wat lânhûseftich oansjen troch krigen hat.
 
==De Cam(p)stra's==