Dekemastate (Jelsum): ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
stred |
|||
Rigel 2:
De '''Dekemastate''' is in [[state]] yn [[Jelsum]]. De namme komt út de [[16e ieu]], doe't in famylje mei de namme ''Dekema'' de state bewenne. It bestean fan it gebou is lykwols folle âlder en hat ek de nammen ''Fetsastate'' en ''Camstrastate'' hân. De skreaune skiednis begjint mei de fermelding yn in oarkonde út [[1486]]. Troch ûndersyk hat bliken dien dat er yn de [[13e ieu]] al in ferdigenbere [[stins]] stie op it plak fan it hjoeddeiske gebou.
De lêste famylje dy't Dekemastate bewenne, hat
== De Cam(p)stra's==
De earste bewenners dêr't de namme fan bekend is, binne Piter fan Cam(p)stra en Syts Lousma, mei harren soan Rienk Camstra. Fan dy famylje wurdt wol tocht dat sy oarspronklik út [[Weidum]] kammen. Letter fine wy se ek yn [[Wurdum]] en [[Jelsum]]. De Camstra's wienen foaroansteande [[Skieringers]]. Boppedat hienen se besit yn de klokslach fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Mar yn de stêd hienen se neat te sizzen. Boppedat stie Ljouwert oan de kant fan de Fetkeapers. As kriichshearen hawwe de Campstra's der alles oan dien om de macht yn Ljouwert oer te nimmen. Bekend is dat in Camstra yn [[1498]] op Goed Freed in oanfal op Ljouwert dien hat. Dêr hat er tige húsholden.
== De Dekema's ==
Hoewol't de Dekama's harren namme oan de state jûn hawwe,
Oan Dekemastate is as mei-eigener [[Piter Dekema]] ferbûn. In oare bekende bewenner is [[J.H.J.van Wageningen thoe Dekema]] west.
|