Galge: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: jv:Saka gantung
Robbot (oerlis | bydragen)
L Robotgeholpen doorverwijzing: Burgumer Mar - Verwijzing(en) gewijzigd naar Burgumer Mar (mar)
Rigel 8:
Eartiids hiene grutte, mar ek wol lytsere, plakken it [[rjocht fan galge en rêd]]. Oeral binne noch nammen dy't de neitins oan it plak dêr't in galge stien hat libben hâlde. Sa goed as alle alve stêden en alle tritich gritenijen hienen om 1500 hinne in eigen skavot.
 
De fêste galge stie meast op in plak dêr't er al fan fierens goed yn it each foel, oan de râne fan de stêd of fan it rjochtsgebiet yn it gefal fan grytenijen, bygelyks oan in grutte dyk as feart. Bûten de stêd wie mei om de stank fan de liken. Dy fan Ljouwert stie oan de [[Harnzer Feart]], dêr't no soarchfersekerder DE FRiesland sit. De galge fan Barradiel stie oan de Slachtedyk ten easten fan Seisbierrum en dy fan Wymbritseradiel stie oan de noardkant fam de Snitser Mar. Soms hie binnen in gritenij sels in trimdiel (in tredde part fan in gritenij) of fiarndel (as de gritenijen yn fjouwer stikken opdield wie) in eigen galge. In foarbyld hjirfan wie Tytsjerksteradiel, in grutte gritenij. Dêr rjochte in fiarndel om 1485 in eksekúsjewurktúch op ten noarden fan [[Suwâld]]. Dit wylst der om 1450 al in 'lagemiene galge'boud wie oan de eastkant fan de [[Burgumer Mar (mar)|Burgumer Mar]]. De measte Fryske galgen rekken yn de rin fan de sechtjinde ieu yn ferfal en ferdwûnen. Yn Ljouwert wie noch lang iun sintrale galge. It Amelân hie noch it langste in galge, mooglik oant 1795. It Amelân waard yn 1515 bûten it Fryske gewest hâlden en bleau in saneamde 'frije hearlikheid'. Op in âlde kaart út 1731 stiet de galge tusken Halum en Ballum, op in hege ûnbedike kwelder. In heuvelich gebiet hie faak galgenbergen. Dêr waard it soflik omskot nei de eksekúsje ophongen as ôfgryslik foarbyld, bedoeld om it bewenners en reizgers dúdlik te meitsjen dat wetshanthavening dêr serieus naam waard.
De galgen wienen benammen bedoeld om ôf te skrikken. Fergelike mei redbrake - immen de bonken brekke op in houten tsjil- en 'koppen'- immen ûnthalzje mei in swurd- wie hingjen it meast ûnearfol.