Michelangelo: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - oars: yi:מיקעלאנדזשעלא
Robbot (oerlis | bydragen)
L Robotgeholpen doorverwijzing: Byldhouwer - Verwijzing(en) gewijzigd naar Byldhouwer (keunster)
Rigel 19:
Neidat de húshâlding nei Florâns ferhuze, waard Michelangeo oan in min tafertroud. Omdat de man fan de min de funksje fan stienhouwer hie, makke Michelangelo der letter in grapke fan dat hy de leafde foar de [[byldhoukeunst]] al mei de molke fan syn min yngetten krige hie.
 
Michelangelo hie as jonkje net folle belangstelling foar skoalle. Hy brocht syn tiid leaver troch mei tekenjen. Syn útsûnderlike talinten op dat mêd diene al bliken op jonge leeftyd. Syn heit hie ynearsten net folle begryp foar de plannen fan Michelangelo. Yn dy tiid wie de sosjale status fan keunstner net heech. Lykwols sette Michelangelo troch en gong op sechtjinjierrige leeftyd yn de lear by [[Domenico Ghirlandaio]]. Net folle letter soe hy him oanslute by de [[Byldhouwer (keunster)|Byldhouwer]] [[Bertoldo di Giovanni]], in eardere learling fan [[Donatello]].
 
Fan [[1490]] oant [[1492]] stie de jonge keunstner ûnder beskerming fan de romroftige [[Lorenzo I de' Medici]], dy't ek ''Il Magnifico'' neamd waard. Op dizze wize krige hy tagong ta de âldheidkundige samling yn de tún by it [[Museo di San Marco|kleaster San Marco]]. Yn dy tiid hie Michelangelo omgong mei foaroansteande learden en dichters as [[Marsilio Ficino]] en [[Angelo Poliziano]].