Tyne: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: nl:Tyne
dat ek noch
Rigel 3:
De '''Tyne''' is in rivier in Noard-[[Ingelân]]. De river fan 100 km lingte streamt troch de stêd [[Newcastle upon Tyne]].
 
De Tyne ûnstiet út de gearrin fan de rivieren, de Noardlike Tyne (''North Tyne'') en de Súdlike Tyne (''South Tyne''). De '''North Tyne''' ûntspringt oan de Skotske grins, en rint dêrnei troch it [[Kielder Forest]], sûnder foar Hexham in plak fan belang oan te dwaan.
 
De '''South Tyne''' syn boarne leit yn [[Alston (Kumbria)|Alston-Moor]], [[Kumbria]], en rint troch de plakken Haltwhistle en [[Haydon Bridge]] yn in delling dy't [[Tyne Gap]] neamd wurdt. De [[Muorre fan Hadrianus]] leit noardlik fan de Tyne Gap. Tafallich leit de boarne fan de Súdlike Tyne net fier fan dy fan de rivieren de [[Tees]] en de [[Wear]].
 
De twa streamen komme byelkoar by Warden Rock ûnder [[Hexham]] yn [[Northumberland]] by in plak dat ''Meeting of the Waters'' hjit. Fan dat punt ôf giet de rivier fierder as de Tyne.