Starum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 31:
== Skiednis ==
De stêd wurdt yn de earste boarnen ''Staveren'' en soms ''Staveron'' neamd. Dy namme betsjut wierskynlik safolle as " by de Staven, de Peallen, de Beskoaiing" en dat wiist op in havenplak.
It âlde Starum ûntstie op in knooppunt fan wetter- en lânwegen. It lei oan in rivierke dat yn it [[Fly]] útrûn. It Fly wie in brede slinke, dy't de ferbining foasrmefoarme tusken de Flevomar en de Noardsee. Ien fan de âldste lânwegen fan it Dútske Ryk rûn oer Coevorden en Stienwyk nei Starum en dêrwei fierder oer it wetter nei Medemblik. Wa't oer dize wei reizge, moast by Starum dus oer it Fly setten wurde. Skippen út Utert fardn troch de Vecht, fia de Flevomar en it Fly nei de Noardsee en kamen ek lâns Starum, Sa koenen se Fryslân ynfarre. Dit hat grif ek de rûte west dy't Bonifatius yn 754 fanút Utert nei Dokkum folge hat.
 
Troch it drokke ferkear fan de haven yn de rjochting fan Stienwyk en Koevorden stifte de muonts [[Odulf|Odulfus]] hjir in kleaster. Hy wie stjoerd troch de biskop fan Utert om de Friezen te bekearen ta kristen. Odulfus kaam fia de Fecht, de Flevomar en It Fly by de kust en foer troch oant Starum en fêstige hjir yn [[837]] it Odulfuskleaster.
Rigel 38:
 
Yn [[1385]] waard Starum lid fan de [[Hânze]]. De skippers fan Starum hienen by passaazje fan de [[Sont]] in âld foarrjocht; by de [[Sonttol|tolheffing]] waard harren foarrang ferliend wat it soad tiidwinst oplevere. By de Eastseehannel spile de Amsterdamske haven in belangrike rol. Hollân wie mei in hurd groeiende befolking foar de fiedselfoarsjenning oanwiisd op nôtymporten út de Eastseelannen. De skippers út Fryslân wienen foar Hollân dêrom fan libbensbelang. By oarloggen tusken Hollân en Fryslân keas Starum dan ek geregeld partij foar Hollân. Mar net by de [[Slach by Warns]] dy 't ek wol oantsjutten wurdt as de '''Slach by Starum'''.
Oan de ein fan de [[midsieuwen]] rekke de stêd yn ferfal. Op dit feit is it ferhaal [[It FroukeWyfke fan Starum]] basearre.
 
Fryslân foel nei [[1525]] ûnder keizer Karel V. Hy liet in grut [[blokhûs]] bouwe om de Friezen yn betwang te hâlden. Dat blokhûs hat der stien oant [[1580]] doe't it earst foar in part ôfbrutsen waard. De stiennen waarden brûkt foar de stedswâlen. Yn [[1996]] binne noch stikken fan dy muorre, mar ek kanonskûgels, fûn by opgravings.