Nikaragûa: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
HiW-Bot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - fuort: ks:نِکارَگُوا
Rigel 34:
It gebiet fan it tsjintwurdige Nikaragûa waard troch [[Kolumbus]] ûntdutsen op syn fjirde tocht nei [[Amearika]] en letter fierder ferkent troch [[Gil Gonzales de Avila]] yn [[1522]]. Yn de [[17e ieu]] festigen har Hollânske, Ingelske en Frânske frijbûters oan de kust, folge troch Spaanske ymigranten yn de [[18e ieu]] en makke ûnderdiel út fan de Spaanske koloanje yn Amearika.
 
Yn [[1823]] skiede Nikaragûa har ôf fan Spanje en makke it oant [[1838]] diel út fan it Sintraal Amerikaanske steatebûn. De [[19e ieu]] waard karakterisearre troch in fûle striid tusken ''Liberalen'' en ''konservativen''. Tsjin it bewâld fan de [[diktator]] [[José Santos Zelaya]] (1893-1909) rjochten him hieltyd gearspannings en opstannen. In ynterfinsje troch de [[Feriene Steaten]] makke in ein oan dizze tastân. Zelaya waard ferdreaun en Nikaragûa waard in soarte protektoraat fan de Feriene Steaten. It Bryan-Chamorro-Ferdrach út [[1916]] joech de Feriene Steaten it rjocht om in kanaal troch Nikaragûa te graven en in fleatbasis oan te lizzen yn de [[Golf fan Fonseka]]. It Amerikaanske leger gong pas út Nikaragûa wei yn [[1937]].
 
Nei it fertrek fan de Amearikanen krijt de family [[Somoza]] it yn Nikaragûa foar it sizzen dy't it lân desennia lang regeard hat. Sy wienen korrupt en diktatoriaal. Yn [[1979]] waard har rezjym omfier smiten troch de Sandinisten, in sosjalistyske gueriljabeweging.