Spitsbergen (Noarwegen): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: se:Svalbárda, su:Svalbard, zea:Spitsberhen
No edit summary
Rigel 36:
Yn [[1920]] waard yn it [[Spitsbergen-ferdrach]] fêstlein dat de eilannen ûnder tafersjoch fan Noarwegen kamen. Lykwols stiet it lân op harsels, de [[belestingen|belesting]] is oars regele as yn Noarwegen. It jild ôfkomstich út Spitsbergen, moat dêr ek opmakke wurde. Der wurdt gjin belesting heft op bygelyks alkohoalyske drank, sadat de prizen in stik leger lizze as yn Noarwegen. Fanwege de bysûndere bestjoerlike status hat Spitsbergen in eigen [[ISO 3166-1|ynternetdomein-lânkode]] (sj, tegearre mei [[Jan Mayen]]).
 
De TasichthâlderTafersjochhâlder op de eilannekloft is de gûverneur (''[[Sysselmann fan Spitsbergen|Sysselmann]]''), dy't troch de Noarske oerheid oansteld wurdt. Hy setelt yn de haadstêd [[Longyearbyen]].
 
Yn oktober 2006 waard bekend makke dat wittenskippers op Spitsbergen in grut tal 150 miljoen jier âlde fossilen fûn hawwe fan dinosauruseftigen. Der waarden fossilen fûn fan [[plesiosaurus]], [[ichtyosaurus]] en [[pliosaurus]]. Fan de lêste waard in kompleet skelet ûntdekt. Op de hiele wrâld is gjin oar folslein pliosaurusskelet bekend.