Fjetnamezen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
fw
Rigel 1:
De '''Fietnamezen''' binne in folk yn [[Súdeast-Aazje]] dy't goed 86% fan de befolking yn [[Fietnam]] útmeitsje.
 
Sa'n 80 miljoen fan de nei skatting 86 miljoen Fietnamezen wenje yn Fietnam. Dêrneist binne der grutte kloften Fietnameeske minderheden yn de [[Feriene Steaten]] (tusken 1,2 en 1,5 miljoen), [[Kambodja]] en [[Laos]] (± 600.000), [[Frankryk]] (± 250.000), [[Austraalje (lân)|Austraalje]] (± 175.000), [[Kanada]] (± 150.000), [[Dútslân]], [[FolksrepubliekFolksrepublyk Sina|Sina]] en [[Ruslân]]. Sûnt [[1975]] binne nei Nederlân ek inkele tûzenen Fietnameeske [[boatflechtelingen]] emigreare.
 
De Fietnamezen komme oarspronklik út de [[rivierdelta|delta]] fan de [[Reade Rivier]]. Mear as dat is feitlik net bekend fan harren komôf. Tusken 500 en 200 foar Kr. kamen sy as etnyske kloft nei foaren út in smeltkroes fan folken, dêr't ûnder oaren seefarrenden út [[Oseaanje]] en ymmigranten út [[Aazje]] opgien wiene. Doe't hja in folk wurden wienen, lutsen de Fietnamezen stadichoan nei it suden. Se fêstigen harren op flakten en yn rivierdelta's, om begjin 18e ieu it suden fan de [[Mekong]]-delta te berikken. Harren lân, 1500 kilometer lang, leit as in grutte ''S'' fan de Sineeske grins oant-en-mei de [[Golf fan Tailân]].