Josef Stalin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.6.4) (Bot - oars: ang:Iosep Stalin
Rigel 10:
Yn [[1901]] wie Stalin lid wurden fan in [[Geörgje|Georgyske]] sosjalistyske partij. Dizze party wie drok dwaande om de revolúsjonêre ideeën oer te bringen by de Georgyske arbeiders. Stalin naam al gau in belangrike rol yn. Yn [[1902]] wurdt Stalin troch de plysje oppakt en nei [[Sibearje]] stjoerd. Mar it slagge him om te ûntsnappen en werom te gean nei de [[Kaukasus]]. Stalin begûn yn dizze tiid [[Vladimir Lenin|Lenin]] te stypjen. Stalin koe him net bemuoie mei de organisaasje hy moast hieltyd flechtsje foar de plysje. Tusken [[1908]] en [[1917]] wie hy mar oardel jier frij. Troch syn ferbliuw yn it gefang hie hy de tiid om him goed yn te lêzen yn de marksistyske literatuer. Hy slagge deryn om namme te meitsjen as partijlid en as organisator. Hy gie faak mei op reis mei Lenin. Yn [[1904]] is Stalin troud. Dit hat mar in koart houlik west. Syn frou stoar al yn [[1907]]. Se hienen ien soan mei de namme [[Yakov Stalin]].
 
By de [[RusyskeRussyske revolúsje]] fan maart [[1917]] wurdt Stalin net echt ferneamd. Manlju lykas [[Lenin]] en [[Leon Trotski|Trotski]] stienen yn de belangstelling. Mar Stalin klom wol hieltyd fierder omheech. Yn april wurde hy lid fan it Sintrale Komitee fan de Bolsjewistyske partij. Stalin wurke troch, mar die dit foaral efter de skermen. Yn it nije kabinet krige Stalin in ûnbekende post. Hy wurde minister fan Nasjonaliteiten. Hy soarge derfoar dat er altyd yn de buert fan Lenin bleaun. Yn [[1919]] wurdt Stalin lid fan it [[Polytburo]]. Dit wie in tige belangrike organisaasje. Stalin gie him hieltyd mear dwaande hâlden mei de organisaasje fan de partij. Fan 1922 ôf wie Stalin siktaris generaal fan de partij. Hy soarge sa foar de yn syn eagen goeie beneamingen yn de [[bolsjewistyske partij]]. De konkurrinten fan Stalin seagen wat der barde. Stalin wurde hieltiten machtiger en se koenen der neat tsjin dwaan.
 
[[Ofbyld:Portrait of Stalin in 1936.gif|thumb|right|230px|Stalin yn 1936]]