Armeenske Genoside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
eftergrûn klear, letter mear
Rigel 19:
 
== Eftergrûn ==
Armeenje hat fan de [[15e ieu]] ôf diel útmakke fan it [[Ottomaanske Ryk]]. Yn de [[19e ieu]] wie dat ryk yn ferfal rekke en troch ferskillende krigen mei de tsaar fan [[Ruslân]] grûn kwyt rekke. Nei de [[Russysk-Turkske Oarloch (1877-1878)|Russysk-Turkske Oarloch]] yn [[1878]] easken de meast [[Arameensk-ortodokse Tsjerke|Armeensk-ortodokse]] herfoarmingen wêrûnder stimrjocht en in ein oan de diskriminaasje fan kristenen. Troch [[Sultan]] [[Abdul Hamid II]] waard mei hurde hân optrede en op syn befel waarden tûzenen Armeenjers yn it lân fermoardende.
 
Yn 1908 waard yn Turkije de macht grepen troch de [[Jonge Turken]]. Dy machtsoernamme waard ynearst troch de Armeenjers stipe. Yn de [[Earste Wrâldkriich]] keas it Ottomaanske Ryk de side fan [[Dútslân]] en rekke yn oarloch mei [[Ruslân]]. De Armeenjers woenen ûnôfhinklik bliuwe yn it konflikt, mar sleaten letter ferdragen mei de Britten en de Russen. Dy ferdragen moasten it ûntstean fan in selsstannich Armeenje yn de eastlike provinsjes fan [[Anatoalje]] mooglik meitsjen.
Rigel 29:
Fan offisjele side [[Talaat Pasja]] waard as reden foar de deportaasje opjûn de opstannen troch en "massamoarden" troch Armeenjers. De deportaasje hie yn wezen gjin bestimming, mar wie ynearsten organiseare rjochting de stêd [Aleppo]] en fan dêrwei nei de [[Deir ez-Zor-woastyn]. Nei alle gedachten hawwe der 25 grutte konsintraasjekampen west dy't ûnder leiding stiene fan [[Sükrü Kaya]]. De measte leinen yn it tsjintwurdige [[Syrje]] en dêr't de sommige allinnich as trochfierkampen tsjinne hawwe.
 
Underweis fan de ferskillende parten út it lân nei Syrje waard min soarge foar iten of drinken foar Armeenjers. Neffens eachtsjûgen en histoaryske dokuminten gienen in protte Armeenjers dea ûnder de marsen, troch toarst, honger en sykten of waarden dearansele of -skeaten troch de Turkse soldaten. Derby waarden Armeenske froulju en famkes ûnderweis geregeld ferkrachte. Oare Armeenjers, neffens de Britske histoarikus [[Martin Gilbert]] de mearderheid fan de slachtoffers, waarden yn of tichteby harren wenplakken fermoarde. <ref name="Gilbert-167">[[Martin Gilbert]], ''The First Wirld War: A Complete History'', side 167 (in A Problem from Hell, side 518)</ref>
 
== Bibliografy ==