Armeenske Genoside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 25:
Yn dat gebiet wennen in soad Armeenjers en in diel fan Armeenje foel al romme tiid ûnder Russysk bestjoer. Oan Russyske side fochten yn 1915 yn totaal sân grutte Armeenske frijwilligersbrigades. Ek kamen ferskillende groepen Armeenjers yn opstân, û.o. yn de steden [[Fan (stêd)|Fan]] en [[Zeytun]] ([[Süleymanly]]).
 
As it front tichteby komt binne de Turken binne benaud dat mear Armeenjers harren by de Russen oanslutte sille. Troch de Ottomaanske regearing wurdt besleaten alle Armeenjers nei de Syryske woastyn ta deportearen. Op [[24 april]] 1915 wurde hûnderten oant tûzenen leden fan de Armeenske elite sûnder inkel foarm fan proses fermoarde yn [[Konstantinopel]] (Istanboel) fermoarde. Dy dei sil by de Armeenjers altydaltiten yn it ûnthâld bliuwe en wurdt sjoen as it begjin fan de folkmoard.
 
Fan offisjele side [[Talaat Pasja]] waard as reden foar de deportaasje opjûn de opstannen troch en "massamoarden" troch Armeenjers. De deportaasje hie yn wezen gjin bestimming, mar wie ynearsten organiseare rjochting de stêd [Aleppo]] en fan dêrwei nei de [[Deir ez-Zor-woastyn]. Nei alle gedachten hawwe der 25 grutte konsintraasjekampen west dy't ûnder leiding stiene fan [[Sükrü Kaya]]. De measte leinen yn it tsjintwurdige [[Syrje]] en dêr't de sommige allinnich as trochfierkampen tsjinne hawwe.