Armeenske Genoside: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
opmaak |
oars |
||
Rigel 13:
Der waard op grutte skaal moarde en deportearre. By de deportaasjes waarden minsken twongen ta lange marsen ûnder sokke strieminne omstannichheden dat it wol útrinne moast op in soad deaden. It totaal oantal Armeenske deaden berûn ien oant oardel miljoen, dêr binne de measten it oer iens. Yn dy tiid waarden oare etnyske groepen, sa as [[Assyrjers]] en [[Griken]], op in te ferlykjen wize oanfallen troch it Ottomaanske Ryk. Guon gelearden tinke dat dat part wie fan deselde ferdylgingspolityk.
[[Robert Fisk]] wol yn syn boek ''De grote beschavingsoorlog'' hawwe dat de Armeenske genoside de earste [[Holocaust]] wie, dêr't ek in soad Dútsers by belutsen wienen, dy't fergelikbere útroeging- en ferswijingstaktiken in pear desenniums letter op'en nij tapasse soenen. [[Winston Churchill]] warskôge mear as ien kear tsjin dy praktiken: "De skiednis sil fergees sykje nei it wurd '[[Armeenje]]'."<ref>Robert Fisk - ''De grote beschavingsoorlog'', ISBN 90-8549-001-4</ref>▼
Westerske histoarisy, dêr't ferskate [[Turken|Turkske]] ûnder binne, ûnder oaren [[Taner Akçam]], [[Fatma Muge Gocek]] en [[Halil Berktay]], en de fermoarde [[Hrant Dink]], binne it der yn it generaal oer iens dat in [[genoside]] plak fûn hat. Turkske en oare Westerske wittenskippers, skiedkundigen dy't har spesjaal talein hawwe op de skiednis fan it Ottomaanske Ryk, sa as [[Bernard Lewis]], [[Justin McCarthy]] en [[Gilles Veinstein]], hâlde it op [[deportaasje]] en [[massamoard]] fan Armeenjers, mar wolle faak wol in [[etnyske suvering]] tajaan. Turkije wol formeel neat witte fan genoside en ferset him tsjin ynternasjonale erkenning dêrfan. In oantal wittenskippers mient dat der te min wittenskiplik bewiis fûn is om definitive konklúzjes te lûken. De ynternasjonale diskusje rjochtet him meast op wat no krekt de definysje fan genoside is en wa't yn dat gefal sizze sil dat it genoside west hat.▼
== Eftergrûn ==
Line 25 ⟶ 21:
Yn dat gebiet wennen in soad Armeenjers en in diel fan Armeenje foel al romme tiid ûnder Russysk bestjoer. Oan Russyske side fochten yn 1915 yn totaal sân grutte Armeenske frijwilligersbrigades. Ek kamen ferskillende groepen Armeenjers yn opstân, û.o. yn de steden [[Fan (stêd)|Fan]] en [[Zeytun]] ([[Süleymanly]]).
== Genoside ==
As it front tichteby komt binne de Turken binne benaud dat mear Armeenjers harren by de Russen oanslutte sille. Troch de Ottomaanske regearing wurdt besleaten alle Armeenjers nei de Syryske woastyn ta deportearen. Op [[24 april]] 1915 wurde hûnderten oant tûzenen leden fan de Armeenske elite sûnder inkel foarm fan proses yn [[Konstantinopel]] (Istanboel) fermoarde. Dy dei sil by de Armeenjers altiten yn it ûnthâld bliuwe en wurdt sjoen as it begjin fan de folkmoard.
Line 30 ⟶ 27:
Underweis fan de ferskillende parten út it lân nei Syrje, waard min soarge foar iten of drinken foar Armeenjers. Neffens eachtsjûgen en histoaryske dokuminten gienen in protte Armeenjers dea by de marsen, troch toarst, honger en sykten of waarden dearansele of -skeaten troch Turkse soldaten. Derby waarden Armeenske froulju en famkes ûnderweis geregeld ferkrachte. Oare Armeenjers, neffens de Britske histoarikus [[Martin Gilbert]] de mearderheid fan de slachtoffers, waarden yn of tichteby harren wenplakken fermoarde. <ref name="Gilbert-167">[[Martin Gilbert]], ''The First Wirld War: A Complete History'', side 167 (in A Problem from Hell, side 518)</ref>
== Ynternasjonale erkenning en ûntkenning ==
▲[[Robert Fisk]] wol yn syn boek ''De grote beschavingsoorlog'' hawwe dat de Armeenske genoside de earste [[Holocaust]] wie, dêr't ek in soad Dútsers by belutsen wienen, dy't fergelikbere útroeging- en ferswijingstaktiken in pear desenniums letter op'en nij tapasse soenen. [[Winston Churchill]] warskôge mear as ien kear tsjin dy praktiken: "De skiednis sil fergees sykje nei it wurd '[[Armeenje]]'."<ref>Robert Fisk - ''De grote beschavingsoorlog'', ISBN 90-8549-001-4</ref>
▲Westerske histoarisy, dêr't ferskate [[Turken|Turkske]] ûnder binne, ûnder oaren [[Taner Akçam]], [[Fatma Muge Gocek]] en [[Halil Berktay]], en de fermoarde [[Hrant Dink]], binne it der yn it generaal oer iens dat in [[genoside]] plak fûn hat. Turkske en oare Westerske wittenskippers, skiedkundigen dy't har spesjaal talein hawwe op de skiednis fan it Ottomaanske Ryk, sa as [[Bernard Lewis]], [[Justin McCarthy]] en [[Gilles Veinstein]], hâlde it op [[deportaasje]] en [[massamoard]] fan Armeenjers, mar wolle faak wol in [[etnyske suvering]] tajaan. Turkije wol formeel neat witte fan genoside en ferset him tsjin ynternasjonale erkenning dêrfan. In oantal wittenskippers mient dat der te min wittenskiplik bewiis fûn is om definitive konklúzjes te lûken. De ynternasjonale diskusje rjochtet him meast op wat no krekt de definysje fan genoside is en wa't yn dat gefal sizze sil dat it genoside west hat.
|