Armeenske Genoside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tal slachtoffers
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
Rigel 12:
De '''Armeenske Genoside''' ([[Armeensk]]: Հայոց Ցեղասպանություն, transliteraasje: ''Hayoc’ C’eġaspanout’youn''; [[Turksk]]: ''Ermeni Soykırımı'' en ''Ermeni Kıyımı'')— ek bekend as de '''Armeenske Holocaust''' en by [[Armeenjers]] as de '''Grutte Misdied''' (Մեծ Եղեռն, ''Mec Yeġeṙn'') of '''Armeenske Kwestje'''— ferwiist nei de mei opset sin en systematyske ferneatiging fan de Armeenske befolking fan it [[Ottomaanske Ryk]] yn en krekt nei de [[Earste Wrâldkriich]] yn de tiid fan it rezjym fan de [[Jonge Turken]] .
 
Der waard op grutte skaal moarde en deportearre. By de deportaasjes waarden minsken twongen ta lange marsen ûnder sokke strieminne omstannichheden dat it wol útrinne moast op in soad deaden. It totaal oantal Armeenske deaden berûnwie ien oant oardel miljoen, dêr binne de measten it oer iens. Yn dy tiid waarden oare etnyske groepen, sa as [[Assyrjers]] en [[Griken]], op in te ferlykjen wize oanfallen troch it Ottomaanske Ryk. Guon gelearden tinke dat dat part wie fan deselde ferdylgingspolityk. Lykwols wol Turkije formeel neat witte fan genoside en ferset him tsjin ynternasjonale erkenning dêrfan.
 
== Eftergrûn ==
Armeenje hat fan de [[15e ieu]] ôf diel útmakke fan it [[Ottomaanske Ryk]]. Yn de [[19e ieu]] wie dat ryk yn ferfal rekke en troch ferskillende krigen mei de tsaar fan [[Ruslân]] grûn kwyt rekke. Nei de [[Russysk-Turkske Oarloch (1877-1878)|Russysk-Turkske Oarloch]] yn [[1878]] easken de meast [[Arameensk-ortodokse Tsjerke|Armeensk-ortodokse]] herfoarmingen wêrûnder stimrjocht en in ein oan de diskriminaasje fan kristenen. Troch [[Sultan]] [[Abdul Hamid II]] waard mei hurde hân optrede en op syn befel waarden tûzenen Armeenjers yn it lân fermoardendefermoarde.
 
Yn 1908 waard yn Turkije de macht grepengrypt troch de [[Jonge Turken]]. Dy machtsoernammemachtsoername waard ynearstynearsten troch de Armeenjers stipe. Yn de [[Earste Wrâldkriich]] keas it Ottomaanske ryk de side fan [[Dútslân]] en rekke it lân yn oarloch mei [[Ruslân]]. De Armeenjers woenen ûnôfhinklik bliuwe yn it konflikt, mar sleaten letter ferdragenferdraggen mei de Britten en de Russen. Dy ferdragenferdraggen moasten it ûntstean fan in selsstannich Armeenje yn de eastlike provinsjes fan [[Anatoalje]] mooglik meitsjenmeitsje.
 
Yn dat gebiet wennen in soad Armeenjers en in diel fan Armeenje foel al rommein tiidskoft ûnder Russysk bestjoer. Oan Russyske side fochten yn 1915 yn totaal sân grutte Armeenske frijwilligersbrigades. Ek kamen ferskillende groepen Armeenjers yn opstân, û.o.ûnder oare yn de steden [[Fan (stêd)|Fan]] en [[Zeytun]] ([[Süleymanly]]).
 
== Genoside ==
As it front tichteby komt binne de Turken binne benaud dat mear Armeenjers harren by de Russen oanslutteoanslute sille. Troch de Ottomaanske regearing wurdt besleatenbesluten alle Armeenjers nei de Syryske woastyn ta deportearen. Op [[24 april]] 1915 wurde hûnderten oant tûzenen leden fan de Armeenske elite sûnder inkelinkele foarm fan proses yn [[Konstantinopel]] (Istanboel) fermoarde. Dy dei sil by de Armeenjers altiten yn it ûnthâld bliuwe en wurdt sjoen as it begjin fan de folkmoardfolkemoard.
 
Fan offisjele side ([[Talaat Pasja]]) waard as reden foar de deportaasje opjûn de opstannen troch en "massamoarden" troch Armeenjers. De deportaasje hie yn wezenwêzen gjin bestimming, mar wie ynearsten organiseareorganisearre rjochting de stêd [Aleppo]] en fan dêrwei nei de [[Deir ez-Zor-woastyn]]. Nei alle gedachten hawwe der 25 grutte konsintraasjekampen west dy't ûnder leiding stiene fan [[Sükrü Kaya]]. De measte leinen yn it tsjintwurdige [[Syrje]] dêr't sommige fan allinnich as trochfierkampen tsjinne hawwe.
 
Underweis fan de ferskillende parten út it lân nei Syrje, waard min soarge foar iten of drinken foar Armeenjers. Neffens eachtsjûgen en histoaryske dokuminten gienen in protte Armeenjers dea by de marsen, troch toarst, honger en sykten of waarden dearanseledearânsele of -skeatensketten troch Turkse soldaten. Derby waarden Armeenske froulju en famkes ûnderweis geregeld ferkrachteferkrêfte. Oare Armeenjers, neffens de Britske histoarikus [[Martin Gilbert]] de mearderheid fan de slachtoffers, waarden yn of tichteby harren wenplakken fermoarde. <ref name="Gilbert-167">[[Martin Gilbert]], ''The First Wirld War: A Complete History'', side 167 (in A Problem from Hell, side 518)</ref>
 
== Tal slachtoffers ==
Rigel 34:
 
== Ynternasjonale erkenning en ûntkenning ==
[[Robert Fisk]] wol yn syn boek ''De grote beschavingsoorlog'' hawwe dat de Armeenske genoside de earste [[Holocaust]] wie, dêr't ek in soad Dútsers by belutsen wienenwiene, dy't fergelikberefergelykbere útroeging- en ferswijingstaktiken in pear desenniums letter op 'en nij tapasse soenensoene. [[Winston Churchill]] warskôge mear as ien kear tsjin dy praktiken: "De skiednis sil fergees sykje nei it wurd '[[Armeenje]]'."<ref>Robert Fisk - ''De grote beschavingsoorlog''</ref>
 
Westerske histoarisy, dêr't ferskate [[Turken|Turkske]] ûnder binne, ûnder oaren [[Taner Akçam]], [[Fatma Muge Gocek]] en [[Halil Berktay]], en de fermoarde [[Hrant Dink]], binne it der yn it generaal oer iens dat in [[genoside]] plak fûn hat. Turkske en oare Westerske wittenskippers, skiedkundigen dy't har spesjaal talein hawwe op de skiednis fan it Ottomaanske Ryk, sa as [[Bernard Lewis]], [[Justin McCarthy]] en [[Gilles Veinstein]], hâlde it op [[deportaasje]] en [[massamoard]] fan Armeenjers, mar wolle faak wol in [[etnyske suvering]] tajaan. Turkije wol formeel neat witte fan genoside en ferset him tsjin ynternasjonale erkenning dêrfan. In oantal wittenskippers mient dat der te min wittenskiplik bewiis fûn is om definitive konklúzjes te lûken. De ynternasjonale diskusje rjochtet him meast op wat no krekt de definysje fan genoside is en wa't yn dat gefal sizze sil dat it genoside west hat.
 
 
{{boarnen|boarnefernijing=