Wikipedy:Taalhelp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
==Handige taaltips==
!
 
Om safolle mooglik sûnder flaters yn it Frysk te skriuwen, binne der in tal handige helpmiddels beskikber. De meast folsleine is de Fryske '''staveringhifker''' foar brûkers fan Microsoft Word. Dy is del te laden fan de side fan de [[Fryske Akademy]]. Om dêrmei in troch jo as oaren makke Wiki-tekst te kontrolearjen geane jo nei de side dy't jo kontrolearje wolle en klikke jo op ''Wizigje''. Kopiearje de tekst dy't jo kontrolearje wolle nei in nij Word-dokumint. Kontrolearje de tekst en plak de tekst nei korreksje werom yn it Wiki-artikel. Klik op ''fêstlizze'' en de ferbettere ferzje stiet op de Wikipedy. Klik [http://www1.fa.knaw.nl/ftp/msstaver97-2000.zip hjir] om de staveringhifker del te heljen.
 
In (ridlik) folslein oersjoch fan de '''staveringregels''' is te finen op de [http://www.digischool.nl/fry/siden/basisfoarming/stavering/bf_stavering.html Digiskoalle]. Dêr steane ek ienfâldige oefeningen om jo wer eefkes op te skerpjen.
 
Fansels is it altyd maklik om in '''wurdboek''' by de hân te hawwen (sjoch ek [http://fy.wiktionary.org it Fryske Wikiwurdboek]).
 
Der stiet no in koarte kursus '''Frysk skriuwen''' op [http://www.allezhop.de/frysk/skriuw1.htm Allezhop].
 
==X of Y==
* ch of g? nl: prachti<B>g</B> = fy: prachti<B>ch</B>, en bygelyks wichti<B>ch</B>. By ferlinging komt de g lykwols wer foar it ljocht: prachti<B>g</B>e en wichti<B>g</B>e.
* ij of y? Hjir folget it Frysk meastentiids it Ingelsk. Bygelyks en: free (nl: vrij) - fy: frij ; en: bee (nl:bij) fy: bij. By en: he, we en she (nl: hij, wij en zij) altyd op syn Wâldsjers. fy: hy, wy en sy.
* u of ú? Ticht wurdlid: ú - sl'''ú'''t. Iepen wurdlid: u - sl'''u'''-ting. By in ticht wurdlid mei in koart lûd lykas yn it Nederlânske ''put'' komt der yn it Frysk '''gjín''' streekje op de u.
 
==Stavering fan frjemde wurden==
* Grykske '''y''':
#Bliuwt stean op plakken dêr't er yn it frjemde wurd ek stiet: kategor'''y''', s'''y'''steem.
#Frjemde wurden dy't yn it Nederlânsk op i of ie einichje wurde mei '''y''' stavere: sjen'''y''', parod'''y'''.
#Frjemde foarheaksels (il, im, in ensfh.) wurde yn it Frysk mei '''y''' skreaun: '''y'''mpresje, '''y'''nternasjonaal.
 
==Nederlânsk-Frysk idioom==
Op de side fan de Stifting ELF stiet in oersjoch fan [http://www.elfelf.nl/Idioom.htm Nederlânsk-Frysk idioom]. Sykje op Nederlânske stekwurden en fyn moai Frysk idioom.
 
[[Kategory:Help]]