Armeenske Genoside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
Rigel 24:
As it front tichteby komt binne de Turken binne benaud dat mear Armeenjers harren by de Russen oanslute sille. Troch de Ottomaanske regearing wurdt besluten alle Armeenjers nei de Syryske woastyn ta deportearen. Op [[24 april]] 1915 wurde hûnderten oant tûzenen leden fan de Armeenske elite sûnder inkele foarm fan proses yn [[Konstantinopel]] (Istanboel) fermoarde. Dy dei sil by de Armeenjers altiten yn it ûnthâld bliuwe en wurdt sjoen as it begjin fan de folkemoard.
 
Fan offisjele side ([[Talaat Pasja]]) waard as reden foar de deportaasje opjûn de opstannen troch en "massamoarden" troch Armeenjers. De deportaasje hie yn wêzen gjin bestimming, mar wie ynearsten organisearre rjochting de stêd [[Aleppo]] en fan dêrwei nei de [[Deir ez-Zor-woastyn]]. Nei alle gedachten hawwe der 25 grutte konsintraasjekampen west dy't ûnder leiding stiene fan [[Sükrü Kaya]]. De measte leinen yn it tsjintwurdige [[Syrje]] dêr't sommige fan allinnich as trochfierkampen tsjinne hawwe.
 
Underweis fan de ferskillende parten út it lân nei Syrje, waard min soarge foar iten of drinken foar Armeenjers. Neffens eachtsjûgen en histoaryske dokuminten gienen in protte Armeenjers dea by de marsen, troch toarst, honger en sykten of waarden dearânsele of -sketten troch Turkse soldaten. Derby waarden Armeenske froulju en famkes ûnderweis geregeld ferkrêfte. Oare Armeenjers, neffens de Britske histoarikus [[Martin Gilbert]] de mearderheid fan de slachtoffers, waarden yn of tichteby harren wenplakken fermoarde. <ref name="Gilbert-167">[[Martin Gilbert]], ''The First Wirld War: A Complete History'', side 167 (in A Problem from Hell, side 518)</ref>