Ayrshire (ko): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: thumb|300px|Ayrshireko '''Ayrshire''' is in koweras, ferneamd nei it greefskip Ayrshire yn Skotlân. De trochsneed folkwoeksen Ayrshireko ...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 18 des 2011 om 22.50

Ayrshire is in koweras, ferneamd nei it greefskip Ayrshire yn Skotlân.

Ayrshireko

De trochsneed folkwoeksen Ayrshireko waagt 450-600 kg. Ayrshires hawwe in reade tekening. It 'read' rint fan oranje nei donkerbrún, mei of sûnder kleur oan de poaten. Opfallend binne de wite hoarnen mei licht nei efteren bûgde swarte punten. It ras is sterk, kin âld wurde, kin gers op in effisjinte wize yn molke omsette en it kealjen ferrint meast sûnder swierrichheden.

De Ayrshire wurdt it measte fokt yn Finlân en Kenia, mar wurdt ek hâlden yn de Feriene Steaten, Kanada en Nij-Seelân.

Produksjesifers út Finlân yn 1986: 24.5000 kij mei in molkproduksje fan 5821 kg, mei 4,45 % fet en 3,27 % aaiwyt.

It ras kaam yn de 1960er jierren de Fleckvieh út fuort en yn de jierren '80 waard it ynkrusd by de Angler en it Deensk readfee.


Keppelings om utens