Natoerreligys: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L r2.5.1) (Bot - derby: cs:Přírodní náboženství
No edit summary
Rigel 1:
<ref>x </ref>De de minske yn harmony libje moat mei de natoer, hawwe de Pueblo-folken rike kulturele tradysjes ûntwikkele, dy’t ta útdrukking komme yn gedichten, leginden, lieten, dûnsen, byldhouwurken en oare byldzjende keunsten.
De '''natoerreligys''' binne de âldste [[Religy|godstsjinst]]en fan ’e wrâld; se hawwe gjin stifter, gjin profeten en gjin fêste lear. Se geane werom op it religieuze yn ’e minske sels, syn ferlet om betsjutting te jaan oan it bestean yn it algemien en syn eigen libben yn it bysûnder troch middel fan godstsjinst. Op dy manear steane de natoerreligys oan ’e widze fan alle foarmen fan godstsjinst.
 
[[Ofbyld:Sinne_natoerreligyen.GIF|thumb|De sinne wurdt faak brûkt as in symboal yn natoer- religys.]]
 
== Natoerreligys yn it deistich libben ==
Ek hjoed de dei noch wurde natoerreligys beliden en wol troch in ûnbetinklik grut part fan de wrâldbefolking. Ornaris binne it de folks- of stamreligys fan lytsskalige mienskippen dy’t oant koartby net in protte kontakt mei de bûtenwrâld hienen. By sokke natoerfolken is de belibbing fan ’e godstsjinst folle wêzentliker as yn ’e Westerske wrâld; feitlikens wurdt der faak gjin ûnderskie makke tusken religy en de rest fan it libben.
 
By de folken fan de [[Pueblo-kultuer]], út ’e [[Feriene Steaten fan Amearika|Amerikaanske]] steaten [[Nij Meksiko]] en [[Arizona]], bygelyks, behearsket religy elts aspekt fan it libben, ynklusyf de wikselwurking mei it lân, oare folken en boppenatoerlike wêzens, de keunst, ambacht, ekonomy, sosjale struktuer en famyljebannen. Religy is dêr nau ferweve mei al it oare en yntegrearret it ta ien alomfetsjend wrâldbyld. Fan it prinsipe út dat de minske yn harmony libje moat mei de natoer, hawwe de Pueblo-folken rike kulturele tradysjes ûntwikkele, dy’t ta útdrukking komme yn gedichten, leginden, lieten, dûnsen, byldhouwurken en oare byldzjende keunsten.
 
== Natoerreligys en de boppenatoerlike wrâld ==
Line 68 ⟶ 61:
* R. Rachowiecki, ''Southwest USA - Arizona, Nij Meksiko, Utah'', Hawthorn, 1995.
* H. Smith, ''De religies van de wereld'', Utert, 1999.
* B. Thomas en oaren, ''India'', Hawthorn, 1997.[[Kategory:Natoerreligy]]
* P. Turner en oaren, ''Indonesia'', Hawthorn, 1997.
 
[[Kategory:Natoerreligy]]
 
[[cs:Přírodní náboženství]]