Aldgisl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L nochris [[]]
oanf.
Rigel 8:
[[Ofbyld:Aldgillis.jpg|thumb|right|255px|''Aldgillis, yn de "Chronique ofte Historische geschiedenisse van Frieslandt" fan [[Pier Winsemius|P. Winsemius]].'']]
'''Aldgillis''' (623? — [[680]]) wie in machtige [[Friezen|Fryske]] kening út de [[7e ieu]]. Hy is de earste kening oer wa't skriftlike boarnen binne en bestjoerde in [[Germanen|Germaansk]] keninkryk. Under syn regear woeks it [[Fryske ryk]] yn omfang. De namme Aldgillis (of Aldgisl) betsjut: 'âld', ''gisl'' = "gizeler", "stêf" of "spear".
 
== Kening ==
Yn de ''Historia ecclesiastica'' fan [[Beda]], in Ingelske muonts wurdt Aldgillis neamd as kening fan de Friezen. It feit dat Beda him kening neamd is hiel bysûnder en wichtich foar histoarisy, omdat de Friezen troch Frankyske boarnen út dy tiid, en dy't net oerrinne fan in soad betrouberens, as in ûnderhearrich folk oantsjutten waarden. Hja neamen de Fryske lieders hartoggen en gjin keningen. Skiedkundigen jouwe dêrom mear gewicht oan Beda syn beskriuwing en betiteling fan Aldgillis as dy fan de Frankyske boarnen. <ref>{{aut|D.P. Blok}} (1979), ''De Franken in Nederland'', Haarlim. </ref>
 
Fan wat wy oer him witte hat men de yndruk dat Aldgillis him nea folle oanlutsen hat fan de grutste Naasje yn dy tiid, de [[Franken]]. Hy fierde in eigen polityk, los fan it Frankyske ryk. Dat koe der net samar dwaan, en omdat er dat wol die, wurdt oannommen dat er in lang bewâld hân hat.
 
==Skiednis==
Aldgillis hie syn machtsbasis yn it sintraal rivieregebiet yn de tsjinwurdige provinsjes [[Hollân]] en [[Utert (provinsje)|Utert]]. Hy residearre wierskynlik yn [[Dorestêd]] of [[Utert (stêd)|Utert]] en neffens guon wittenskippers hearske hy oer in Frysk ryk dat him útstrekte fan it [[It Swin (Brugge)|Swin]] (by [[Brugge]]) oant de [[Weser]]. De gebiedsútwreidingen fan it Fryske folk nei it suden ta om [[650]] hinne wurde op syn konto skreaun.
 
Under syn regear hienen de Friezen te krijen mei it machtige [[Frankyske ryk]] en krigen se it oan 'e stok mei de [[Franken|Frankyske]] hofmeier [[Ebroin]]. Dêrby wie it behearskjen fan de âlde Romeinske grinsfersterkingen de ynset fan de fijannichheden. Aldgilles koe mei syn legermacht de Franken op in ôfstân hâlde.
Line 17 ⟶ 22:
 
{{boarnen|boarnefernijing=
'''Literatuer:'''
* {{Aut|W.A. van Es en W.A.M. Hessing}} - ''Romeinen, Friezen en Franken in het hart van Nederland, 1994'', siden 89-90.
 
'''Primêre boarnen:'''
*[[Stephanus Eddius]], ''Vita Wilfridi I. Episcopi Eboracensis auctore Stephano'' in ''[[Monumenta Germaniae Historica]], Passiones vitaeque sanctorum aevi Merovingici et antiquorum aliquot (IV)'', Hannover 1913, p. 220.
* [[Beda]], ''Historia ecclesiastica'', ed. Plummer, V, 19, 326.
 
'''Fuotnoat:'''
<references/>
 
}}