Skiednis fan Sina: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: NAFO - Verwijzing(en) gewijzigd naar Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje
No edit summary
Rigel 24:
Yn [[221 f.Kr.]] ûnderwurp [[Kwin Sy Hwangty]], de kening fan de Tjin alle doedestiids steaten yn Sina en naam de titel fan ''hwangty'', ferhevene foarst of keizer oan. Hy wie in wrede hearsker. Yn de krigen dy't troch him fierd waarden, binne nei alle gedachten wol oardel miljoen deaden fallen. Oan dizze keizer hat Sina har namme te tankjen. Hy kreëarre in steatsysteem dat mei tuskenskoften mear as twa tûzen jierren lang stân hâlde soe. Maten en gewichten waarden standerdisearre, wetten kodifisearre en yn hiel it ryk kamen mar der ien munt en ien skrift.
 
Neidat in oantal jierren nei it ferstoarn fan Kwin Sy Hwangty oeral opstannen útbrutsen, brocht [[Lioe Tji]] yn [[208 f.Kr.]] as earste keizer fan de nije [[Han]]-dynasty frede. Ut dizze tiid datearret de grutste útwreiding fan Sina: nei it westen tsjin de ynfallende [[nomaden]]stammen út Sintraal-Aazje, nei it suden yn it tsjintwurdige Sina besuden de rivier de [[Jang-tse]] oant en mei it tsjinwurdige [[Fietnam]]. De Hantiid stiet bekend as ien fan de bloeiperioaden út de Sineeske skiednis en is opdield yn in westlik tiidrek (oant [[9|9 n.Kr.]] en in westlik tiidrek (9-[[220|220 n.Kr.]] troch it ferplakken fan de haadstêd fan it westen nei easten. It [[Konfusianisme]] waard yn dy tiid de offisjele godstsjinst, de [[Sineense Muorre]] kaam ôf. Nei it westen ûntstie de [[syderûtesiderûte]] en yn [[105]] die [[Kai Lun]] syn wichtige ûntdekking fan [[papier]].
 
Yn de rin fan de [[2e ieu]] rekke de hearskippij fan de Han lykwols yn ferfal en nei in grutte boereopstân fan de saneamde [[Gielmutsen]] en inkele paleisrevolúsjes foel de ienheidssteat yn trije riken útinoar. Pas yn [[589]] waard Sina opnij werienige ûnder de [[Swei-dynasty]] dy't yn [[618]] ferfongen waard troch de [[Tang-dynasty]] (oant [[907]], dêr't wer in tiidrek fan grutte útwreiding en bloei mei útein sette.