J.H.J. van Wageningen thoe Dekema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
opmaak
Robbot (oerlis | bydragen)
L Robotgeholpen doorverwijzing: Dekemastate - Verwijzing(en) gewijzigd naar Dekemastate (Jelsum)
Rigel 1:
'''Jan Hindrik Jetse van Wageningen thoe Dekema''' (Ljouwert [[14 novimber]] [[1860]] – Jelsum [[23 april]] [[1905]]) heareboer.
 
Jan van Wageningen wenne op [[Dekemastate (Jelsum)|Dekemastate]] te [[Jelsum]]. De Jelsumers beseagen him as in apart man. Hy rûn in Aldfrysk kostúm en wie ien fan de lêste dragers fan dat kostúm. Doch wa’t sa’n fyftich jier nei syn dea met Jelsumers oer Jelsum oan ‘e praat rekke, krige wis in ferhaal oer Jan van Wageningen. <br>
Faaks kinne wy Jan van Wageningen it bêste omskriuwe as in man dy’t noch libbe yn it begjin fan it ûnstean fan de [[Fryske Beweging]]. Hy wie ek foar it behâld fan it âlde. Fan dy nijerwetske dingen moast er neat hawwe. Doe’t it spoar oanlein waard, hat hy dêr tsjin fersetten. Mei in swiere tsjinsin moast hy tasjen dat de spoarbaan oer syn lân rinne moast.