Piter Jelles Troelstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]], oars neat.
foto tafoege fan Pieter Jelles Troelstra mei Sjoukje Bokma de Boer
Rigel 8:
 
=== Jeugd ===
[[Ofbyld:Pieter Jelles Troelstra en Sjoukje Bokma de Boer.jpg|thumb|Pieter Jelles Troelstra mei Sjoukje Bokma de Boer]]
Troelstra is berne op 20 april 1860 yn Ljouwert. Fan [[1868]] oant [[1875]] hat er yn [[Stiens]] wenne. Syn heit, [[Jelle Troelstra (politikus)|Jelle Troelstra sr.]], wie dêr doe ûntfanger fan de belestings. Piter Jelles hat syn foarming yn Stiens krige, foaral troch de ynfloed fan syn mem. Syn libben lang hat Piter Jelles dan ek in bân mei Stiens field.
 
Line 18 ⟶ 19:
 
=== Polityk ===
[[Ofbyld:Pieter Jelles Troelstra.jpg|thumb|right|200px|Troelstra by in gearkomste]]
Nei syn stúdzjetiid fêstige Troelstra him as advokaat yn Ljouwert. Hy waard yn [[1890]] lid fan de [[Fryske Folkspartij]], mar kaam nei in lange twastriid ta de konklúzje him alhiel oan de sosjalistyske beweging te wijen. Hy ferhuze yn [[1893]] nei Hollân. Yn 1894 stie Pieter Jelles Troelstra mei in tal oaren ('de tolve apostels') oan de widze fan de [[Sosjaal Demokratyske Arbeiders Partij]] (SDAP) en yn [[1897]] kaam hy foar dy partij yn de [[Twadde Keamer]]. Dêr toande hy him in fûleindich anti-monargist. Hy hope dat de monargy mei Wilhelmina útstjerre soe. Doe't yn 1909 de lettere keninginne Juliana berne waard seach er syn hope op in republyk yn reek opgean. Hy begûn him wer oan de literatuer te wijen en publisearre yn datselde jier syn ferneamde dichtbondel ''Rispinge'', in bondel dy't yn in tiid fan moralistyske dichtkeunst opfoel troch de iepenens en it persoanlike karakter fan de fersen.