Hammoerabi: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
oanfolle
Rigel 1:
[[Ofbyld:Milkau Oberer Teil der Stele mit dem Text von Hammurapis Gesetzescode 369-2.jpg|thumb|300px|''Hammûraby en Samas'']]
'''Hammûraby''' ([[Akkadysk]]e foarm fan it [[Amoritysk]]e ''ˤ Ammurāpi'', "besibbe genêzer", ôflaat fan ''ˤ Ammu'', "besibbe oan heitekant", en ''Rāpi'', "genêzer"), ± [[18e ieu f.Kr.|1795 - 1750 f.Kr.]] (koarte gronology) wie de seisde kening fan [[Babylon (Babel)|Babylon]], [[18e ieu f.Kr.|1792 - 1750 f.Kr.]]. Hy waard as [[Amoriten|Amoryt]] de earste kening fan it [[Babyloanje|Ald Boabyloanyske Ryk]]. Troch in rige oarloggen tsjin de oanlizzende keninkriken te winnen, slagge hy deryn de kontrôle fan Babylon oer [[Mesopotaamje]] út te wreidzjen. Hoewol't syn ryk hiel Mesopotaamje kontrolearre op it momint fan syn ferstjerren, wienen syn opfolgers net by steat om dat ryk by ien te hâlden.
 
Hammûraby stiet bekend om syn wetten, dy't oerlevere binne yn de saneamd ''[[Kodeks Hammûraby]]'', en dy't ien fan de earste skriftlike kodifikaasje yn de skiednis wie.
 
== Libben ==
[[Ofbyld:Hammurabi's Babylonië.svg|right|thumb|300px|''Babyloanje ûnder Hammûraby'']]
 
Hammûray erfde yn [[1792 f.Kr.]] de troan fan syn heit [[Sin-Muballit]], dy't as kening hearske oer de stêdsteat [[Babylon]]. Babylon wie ien fan de protte stêdsteaten yn de Mesopotamyske flakte dy't geregeld ûnderling kriich fierden oer it besit fan fruchtbere lânbougrûn. Earder foarsten fan Babylon hiene omlizzende stêdsteaten al yn de macht krigen. Doe't Hammûraby oan it bewâld kaam, foelen de stêdsteaten fan [[Borsippa]], [[Kish (Sumer)|Kish]] en [[Sippara]] al ûnder syn gesach, it machtige keninkryk fan [[Eshnunna]] behearske de bopperin fan de [[Tigris]], wylst [[Larsa]] de rivierdelta kontroleare. Yn it easten lei it keninkryk fan [[Elam]] en yn it noarden regeare [[Shamshi-Adad I]] dy't in op ekspânsje rjochte polityk fierde.
 
De earste tsien jierren fan Hammûraby syn bewâld ferrûn relatyf rêstich. Hammûraby hat dy tiid brûkt om in rige publike wurken te ferrjochten, wêrûnder it ferheegjen fan de stedsmuorren en útwreiding fan it tal timpels. Om-ende-by 1766 f.Kr. foel hy it machtige keninkryk fan [[Eshnunna]] oan, dat wichtige hannelsrûtes oer it [[Zagrosbertme]] kontrolearen. Mei syn bûnsmaten ûnder de stêdsteaten fan de Mesopotamyske flakte, bestride en ferwoaste hy Eshnunna. In grut tal steden waard dêrby ferwoaste en de alliânsje fan Hammûraby leinen foar it earst har hearskippij op oan in part fan de Mesopotamyske flakte. It keninkryk fan Elam, dat har hiel bot bedrige fielde, besocht in oarloch út te lokken tusken it Babylonyske ryk fan Hammûraby en it ryk fan Larsa. Lykwols ûntdekke Hammûraby en [[Rim-Sin]], de kening fan Larsa, it bedroch en slute meielkoar in alliânsje tsjin Elam. Tegearre falle sy dat ryk oan en bringe har in ferpletterjende nederlaach ta. Lykwols wie de militêre ynspanning fan Hammûraby it grutst, want hy makket him der lulk oer dat syn bûnsmaat sa'n bytsje meidie. Hy keart him tsjin Rim-Sin dy't er om-ende-by 1763 f.Kr ferslaat. Dêrtroch wit hy de hiele leechflakte fan Mesopotaamje ûnder him te ferienigen.
 
Hammûraby is nei alle gedachten deselde persoan as Amrafel dy't yn de [[bibel]] neamd wurdt.
 
== Kodeks Hammûraby ==
De wetten dy't fan Hammûraby oerlevere binne, de saneamd ''[[Kodeks Hammûraby]]'', binne optekene op in sawat 3 meter hege stèle fan swart [[dioryt]] yn it Ald-Babyloanysk. De stien waard yn desimber 1901 ûntdekt yn [[Susa (Iran)|Susa]] (yn Elam), no lizzend yn Koezistan, dêr't hy yn de [[12e ieu f.Kr.]] bedarre wie as bút fan de [[Elamiten]]. De stien wurdt op it heden tentoansteld yn it [[Louvre]] yn Parys. De wetten fan Hammûraby jilden as ien fan de earste skriftlike kodifikaasje yn de skiednis, mar binne sels baseare op noch eardere Sumearyske wetten.
 
De Kodeks fan Hammûraby gean oer in wiid spektrum fan ûnderwerpen lykas lânbou en feehâlderij, diefstal, moard, deaslach, lichaamlik letsel, skea oan goederen, houliksrjochten, de posysje fan de frou en dat fan it bern. Yn totaal wurde 282 wetten op de stien beskreaun. Sy falle op troch har grutte hurdheid en strengheid, bygelyks in wet as dizze: ''"Hat in boumaster in hûs bouwe litte dat ynstoart, en wurdt de bewenner derby deade, dan moat de boumaster sels ek deade wurde; wurdt de soan fan de bewenner deade, dan moat de soan fan de boumaster deaden wurde."''
 
Hammûraby stiet bekend om syn wetten, dy't oerlevere binne yn de saneamd ''[[Kodeks Hammûraby]]'', en dy't ien fan de earste skriftlike kodifikaasje yn de skiednis wie. Dy wetten wienen yn it Ald-Babyloanysk op in sirka 2,5 m. hege stèle fan swart [[dioryt]] optekene en waard yn desimber 1901 ûntdekt yn [[Susa (Iran)|Susa]] (yn Elam), no lizzend yn Koezistan, dêr't hy yn de [[12e ieu f.Kr.]] bedarre wie as bút fan de [[Elamiten]].
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
Line 8 ⟶ 23:
* {{Aut|M. van de Mieroop}} - ''King Hammurabi of Babylon: A Biography'', Malden, 2005.
* {{Aut|I. Velikovsky}} - ''Hammurabi and the Revised Chronology'', yn ''KRONOS'' 8 (1982), pp. <span class=plainlinks>[http://www.varchive.org/ce/hammurabi.html 78-84].
 
}}
[[Kategory:Kening fan Babyloanje|Babylon, Hammurabi]]