Hammoerabi: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfolle
L plaatsje ferskood
Rigel 1:
[[Ofbyld:Milkau Oberer Teil der Stele mit dem Text von Hammurapis Gesetzescode 369-2.jpg|thumb|300px|''Hammûraby en Samas'']]
[[Ofbyld:Hammurabi's Babylonië.svg|right|thumb|300px|''[[Babyloanje]] ûnder Hammûraby'']]
'''Hammûraby''' ([[Akkadysk]]e foarm fan it [[Amoritysk]]e ''ˤ Ammurāpi'', "besibbe genêzer", ôflaat fan ''ˤ Ammu'', "besibbe oan heitekant", en ''Rāpi'', "genêzer"), ± [[18e ieu f.Kr.|1795 - 1750 f.Kr.]] wie de seisde kening fan [[Babylon (Babel)|Babylon]]. Hy waard as [[Amoriten|Amoryt]] de earste kening fan it [[Babyloanje|Ald Boabyloanyske Ryk]]. Troch in rige oarloggen tsjin de oanlizzende keninkriken te winnen, slagge hy deryn de kontrôle fan Babylon oer [[Mesopotaamje]] út te wreidzjen. Hoewol't syn ryk hiel Mesopotaamje kontrolearre op it momint fan syn ferstjerren, wienen syn opfolgers net by steat om dat ryk by ien te hâlden.
 
Line 5 ⟶ 6:
 
== Libben ==
[[Ofbyld:Hammurabi's Babylonië.svg|right|thumb|300px|''Babyloanje ûnder Hammûraby'']]
 
Hammûray erfde yn [[1792 f.Kr.]] de troan fan syn heit [[Sin-Muballit]], dy't as kening hearske oer de stêdsteat [[Babylon]]. Babylon wie ien fan de protte stêdsteaten yn de Mesopotamyske flakte dy't geregeld ûnderling kriich fierden oer it besit fan fruchtbere lânbougrûn. Earder foarsten fan Babylon hiene omlizzende stêdsteaten al yn de macht krigen. Doe't Hammûraby oan it bewâld kaam, foelen de stêdsteaten fan [[Borsippa]], [[Kish (Sumer)|Kish]] en [[Sippara]] al ûnder syn gesach, it machtige keninkryk fan [[Eshnunna]] behearske de bopperin fan de [[Tigris]], wylst [[Larsa]] de rivierdelta kontroleare. Yn it easten lei it keninkryk fan [[Elam]] en yn it noarden regeare [[Shamshi-Adad I]] dy't in op ekspânsje rjochte polityk fierde.