Ferskil tusken ferzjes fan "Krystkongres"

gjin bewurkingsgearfetting
L (Botgeholpen doorverwijzing: Ljouwert - Verwijzing(en) gewijzigd naar Ljouwert (stêd))
It kongres wurdt hâlden yn it âldste studintewaerdshûs fan Nederlân, de [[Bogt fen Guné]], neist it [[Sjûkelân]] yn Frjentsjer. Fryske studinten fan hiel [[Nederlân]] út komme hjir ienris yn it jier gear. De lêste jierren duorret it kongres twa dagen, yn it ferline hat it ek wol trije dagen west. De earste Krystkongressen hiene plak yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
 
Op de earste dei fan it kongres wurde de studinten moarns troch de boargemaster ûntfongen yn it stedhûs. Middeis wurdt der in debat of lêzing hâlden oer in spesifyk en aktueel fraachstik yn de boppenseal fan ''de Bogt''. It ûnderwerp of tema fan it debat hat meastentiids mei fraachstikken yn Fryslân te krijen, somtiden ek oer ynternasjonale minderhedenfraachstikken. Nei it waarme miel is it dan tiid foar ferdyvedaasje. Leden fan de ferskate ferienings stride om de keëlkas (tsjelken) fan de [[Bierkriich]], de delkriich en de [[Kabaretkriich]]. Gauris spilet der 'tot in de kleine uurtjes' in band of in dj.
 
De twadde dei is û.o. ornearre foar de Federaasje Lede Gearkomste. Gauris stiet in besite oan in museum yn Frjenstjer op it program. Ek in stedkuier of Fryske tsjerketsjinst hat in aktiviteit west.
Anonime meidogger