Armeenje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: lad:Armenia
tf's
Rigel 20:
tillefoan = 374 |
}}
'''Armeenje''' is in lân in [[Aazje|Lyts-Aazje]]. De haadstêd is [[Jerevan]] en de presidentpresidint fan de republyk is sûnt [[1998]] [[Robert Kocharian]]. It lân makke foarhinne diel út fan Sowjetuny, mar is hjoed de dei in demokratyske steat. Armeenje is ien fan de âldste beskavingen fan de wrâld mei in rike skiednis en kulturele erfenis. It is ek it earste lân dat it [[Kristendom]] as steatsreligy oannomd hat. Hoewol't it grûnwetlik in sekuliere steat foarmet spilet it kristlik leauwen in wichtige rol yn de skiednis en de identiteit fan de befolking, de [[Armeenjers]].
 
== Geografy ==
Rigel 38:
 
[[Ofbyld:Haghpat-Nshan.jpg|left|thumb|200px|Haggat kleaster út de 13e ieu]]
Ynearsten waard it gebiet bewenne troch Kaukasyske [[Albanezen]] en [[Skyten]] yn de [[9e ieu f. Kr.]]. Dêrnei hearskenhearske de [[Meden]] dy't troch de [[Achaemeniden]] om [[550 f. Kr.]] ferslein waarden. Yn [[330 f. Kr.]] oerweldige [[Aleksander de Grutte]] op syn beurt de Achaemeniden. Nei it tiidrek fan de Grykske [[Seleusiden]] (dy't de gebieten fan Aleksander urven) ûntstie der in ier ûnôfhinklik keninkryk Armeenje dat fan 190 f. Kr. oant de [[8e ieu]] bestean soe, oant de [[Arabieren]] der in ein oan makken. Yn de [[11e ieu]] waarden de Seljuk Turken de oerhearskjende macht. Yn de [[13e ieu|13e]] – [[14e ieu]] hie it gebiet te krijen mei ynvaazjes troch Mongoal-Tartaren. It grutste part fan it lân waard ferwoaste en in soad [[Armeenjers]] flechten nei it westen, dêr't sy it keninkryk [[Silisysk Armeenje]] stiften. It lêste Armeenske Ryk, ûnder it bestjoer fan de Rubenianen, wurktewurke gear mei de Krúsfarders.
 
Yn de [[15e ieu]] waard Armeenje opdield troch [[Perzje]] en it [[Ottomaanske Ryk]]. Yn de [[19e ieu]] kaam it grutste part ûnder bewâld fan it [[Russyske Ryk]] fan de tsaren. Nei de [[Earste Wrâldkriich]] makke Armeenje mei [[Georgje]] en [[Azerbeidzjan]] part út fan de [[Kaukasyske Federaasje]]. Tusken [[1918]] oant [[1920]] wienen dizze trije lannen ûnôfhinklik. Armeenje ward yn dy tiid oantsjutten as de [[Demokratyske Republyk Armeenje]]. Yn [[1920]] makke it [[Reade Leger]] fan de [[Sowjet Uny]] in ein oan de ûnôfhinklikens en kaam Armeenje by de Sowjet Uny.