Utert (stêd): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: is:Utrecht
stikje skiednis en plaatsjes nei rjochts
Rigel 1:
[[Ofbyld:LocatieUtrecht.png|thumb|leftright|Lizzing Utert]]
[[Ofbyld:Domtoren vanaf de Stadhuisbrug.JPG|thumb|Sicht op de Domtoer fan de Stedhûsbrêge]]
[[Ofbyld:Nieuwegracht.JPG|thumb|leftright|Nijegreft]]
[[Ofbyld:Utrecht oude gracht september 2003.jpg|thumb|Aldegreft]]
'''Utert''' ([[Nederlânsk]]: ''Utrecht'', yn it lokale dialekt: ''Utreg'' of ''Utereg'') is de haadstêd fan de [[provinsje]] [[Utert (provinsje)|Utert]] en de fjirde stêd fan [[Nederlân]] (283.104 ynwenners per 1 mei 2006, bron: CBS).
Rigel 10:
 
It is ien fan de âldste stêden fan Nederlân mei in belangryk histoarysk sintrum, mar ek mei moderne bouwurken sa as Hoog-Catharijne dêr't mieningen hiel wat negativer oer binne. Troch de [[Domtoer]], symboal fan de stêd en mei 112,32 meter de heechste tsjerketoer fan Nederlân, wurdt de stêd ek wol de '''Domstêd''' neamd.
 
== Skiednis ==
De skiednis fan Utert set útein mei de bou fan in legerkamp (castellum) oan de [[Ryn]] troch de [[Romeinen]]. Letter hawwe de [[Franken]] op it stee in stins boud dy't troch de [[Friezen]] healwei yn de [[7e ieu]] ferovere waard. De Fryske keningen meitsje fan Utert harren residinsje. Nei de oermastering fan it Fryske keninkryk yn [[720]] waard Utert wer fan de Franken. It stee kaam doe yn besit fan de Angelsaksyske biskop [[Willibrord]] en waard in wichtich tsjerklik sintrum mei grutte wrâldske macht.
 
Om-ende-by [[1120]] krige Utert stedsrjochten. Fan 1611 ôf waard de stêd troch kontra-remonstranten bestjoerd. Yn [[1795]] lutsen de Frânsken binnen. Mei de stifting fan de Jaarsbeurs (1917) en yndustryfestigingen hat Utert in dynamyske ûntwikkeling trochmakke.
 
== Demografy ==