Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: ps:جګړه
No edit summary
Rigel 4:
 
Foar oarloch oer stiet [[frede]], in tastân wêryn alle folken en naasjes elkoars bestean respektearje en sels wurdearje. Tusken oarloch en frede besteane in soad tuskenfoarmen, lykas de [[Kâlde Oarloch]] of de [[wapenstilstân]].
Fan begjin ôf oan is oarloch fiere al bûn oan [[wet]]ten en regleminten, al binne dy yn de rin fan de tiid wol feroare. Der is benammen in soad neitocht oer de rjochtfeardiging fan in oarloch. Sûnt 1945 is neffens it [[ynternasjonaal rjocht]] it sûnder mearmis fieren fan in oarloch gjin rjochtfeardich middel mear foar it oplossen fan konflikten. Pas as alle diplomatike middels brûkt binne kin besluten wurde ta de ynset fan wapene middels.
 
Undanks alle ynternasjonale wetjouwing, wurde noch alle dagen in soad konflikten mei wapens útfjochte, sûnder dat alle diplomatike middels hielendal brûkt binne. Om de definysje 'oarloch' te omsilen wurdt meast eufemistysk sprutsen fan 'in wapene konflikt'.