George fan Lalaing, greve fan Rennenberch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
kaartsje der by
L tikfl.
Rigel 2:
'''George van Lalaing, greve fan Rennenberg''' (±. 1550 – [[Grins (stêd)|Grins]], [[23 july]] [[1581]]) wie [[steedhâlder]] fan [[Fryslân]], [[Grinslân]], [[Drinte]] en [[Oerisel]].
 
Hy kaam út in [[Henegouwen|Henegousk]] laach fan lânsbestjoerders. Syn âlden wiene [[Filips vanfan Lalaing]], twadde greve fanHoogstratenfan Hoogstraten en Anna van Rennenberg.
 
Op foardracht fan [[Willem fan Oranje]] waard hy yn [[1577]] beneamd ta [[steedhâlder]] fan de neamde noardlike gewesten. Hy besocht de gewesten, binnen it ramt fan de [[Pasifikaasje fan Gint]], foar it roomske leauwe te behâlden.
 
Op [[3 maart]] [[1580]] rûn de greve fan Rennenberg oer nei kening [[Filips II fan Spanje|Philips II]]. Hy besocht de katoliken wol mei wat súkses foar him te winnen, mar yn de noardlike Nederlannen wienen dy fierstente swak. It oerrinnen fan Rennenberg ferskerpe de al besteande polirisaasje frijwat. Katoliken waarden tenei binnen de [[Uny fan Utert]] wantroud. Foaroansteande katoliken hiene dêrnei nog mar kar út twa alternativen: harren foaroansteande posysje opjaan, of oergean nei de kalvinistysk oriïntearre [[Nederdúts Grifformearde Tsjerke (letter Nederlânsk Herfoarme tsjerke)]].